Klade

In klade (fan Aldgryksk κλαδος, klados, "twiich") is yn 'e taksonomy de oantsjutting foar in monofyletyske groep organismen. Sa'n groep bestiet út in lêste mienskiplike foarâlder mei dy syn lineêre neiteam. It tsjinstelde is in parafyletyske groep, dêr't ek organismen by sitte dy't net ta de neiteam fan 'e oanbelangjende lêste mienskiplike foarâlder hearre, of dêr't krekt in diel fan 'e neiteam fan 'e oanbelangjende lêste mienskiplike foarâlder út ûntbrekt. Yn 'e taksonomy binne allinnich monofyletyske groepen jildich, wylst parafyletyske groepen opdield tsjinje te wurden. Foarhinne waard besocht ta in monofyletyske taksonomy te kommen troch it ferlykjen fan 'e morfology fan organismen, dus hoe't se derút sjogge. No't tsjintwurdich ûndersyk nei it DNA dien wurde kin, docht bliken dat der foarhinne in protte flaters makke binne.
Foarbyld fan in klade
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Minsken (wittenskiplike namme: Homo) binne wat de klassifikaasje oangiet in soarte fan de dieren (Animalia). Dat, de minsken heart ta it taksonomyske ryk fan 'e dieren.
- Fûgels (Aves) binne fuortkaam út de dinosauriërs (Dinosauria), dat de klade fan de dinosauriërs omfiemet ek de fûgels.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |