Springe nei ynhâld

Klaas Rienks Post

Ut Wikipedy

Klaas Rienks Post (It Hearrenfean[1], 11 jannewaris 1874-1936) wie oannimmer en gemeente-arsjitekt fan Aenjewier.

Hy wie troud mei Gertje Clerken wenne earst oan de Tsjerkestrjitte, letter oan de Pastorijeleane. Sûnt 1921 wie er gemeente-arjitekt fan Anjewier. Nei syn ûntwerp en ûnder syn tafersjoch is ûnder oare it âlde diel fan it sikehûs 'De Tsjongerskâns' op It Hearrenfean boud. Hy wie ek ferantwurdlik foar de útwreiding Noard en it Sportpark. Ek op oare gebieten wie Post aktyf, as ponghâlder fan it túnbou-foarbyld-bedriuw fan Anjewier en as foarsitter fan it kolleezje fan reginten fan it ferpleechhûs. Post wie ek presidint-pastorijefâd fan de Herfoarme Gemeente Tsjalbert. Nei de ienwurding fan gemeente It Hearrenfean waard hy yn syn 60e jier direkteur gemeentewurken fan de nije gemeente.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: