Klaas Knillis Hofstra

Ut Wikipedy

Klaas Knillis Hofstra (Easterwâlde, 26 april 1959) is in dichter, regisseur en presintator. Hy wennet yn Grins.

Hy waard berne yn Easterwâlde, gemeente Eaststellingwerf. Hy hat trije dichtbondels yn it Stellingwerfsk op syn namme stean, twa betinkboeken, sân toanielstikken en ferskate kollumns yn ferskate blêden en tydskriften. Hy skriuwt ek yn it Nederlânsk en Grinslânsk.

Hy hat yn de leste 25 jier 35 toanielstikken regissearre. Boppedat hat er yn it ferline faak it literêr botanysk festival Dichters yn de Prinsetún presintearre.

Hofstra is lid fan de Dichtklup yn Grins.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]