Kiryat Ono

Ut Wikipedy
Kiryat Ono
Flagge Wapen
Polityk
Lân Israel
Distrikt Tel Aviv
Sifers
Ynwennertal 43.317 (2023)
Oerflak 4,12 km² (ynkl. wetter)
Befolkingstichtens 11000 km²
Oar
Stifting 1939
Webside Offisjeel webstee (hebriuwsk)
Tel Aviv distrikt
Lokaasje fan Kiryat Ono yn it Tel Aviv Distrikt

Kiryat Ono (Hebriuwsk: קִרְיַת אוֹנוֹ) is in Israelyske stêd yn it Tel Aviv distrikt. It leit sa'n 11km eastlik fan Tel Aviv op it plak dêr't guon fan tinke dat it bibelske 'Ono Delling'[1] wie. Ein 2007 hie Kiryat Ono in befolking fan 27.400 en yn 2023 43.317.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kfar Ono, letter Kiryat Ono, waard stifte yn 1939. Yn de fyftiger jierren kaam dêr in ma'abara (trochgongskamp foar nije ymmigranten) by it plak. Kfar Ono waard ien mei mienskippen yn de omkriten yn 1954, dy't doe meiinoar Kiryat Ono foarmen. Yn 1992 krige it plak de status fan stêd.[2]

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens it CBS bestie yn 2001 de befolking fral út Joaden en oare net-arabieren en lytse groep Arabieren. Kiryat Ono is de lêste jierren gâns waakst. Neffens it CBS wiene der yn 2001 11.200 manlju en 12.000 froulju.

Befolkingsopbou neffens âldens:
Aldens Prosint fan befolking
0-4 8,9%
5-9 7,4%
10-14 6,2%
15-19 6,5%
20-29 12,9%
30-44 21,6%
45-59 18,2%
boppe 60 18,3%

Underwiis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kiryat Ono hat 9 skoallen en der binne 3,915 studinten. Dy binne ferspraat oer 6 basisskoallen mei 1,883 learlingen, en 3 middelbere skoallen (Shazar junior high, Ben Zvi junior high en Ben Zvi High school) mei 2,032 studinten (2001).

It Ono Academysk Kolleezje is in akkreditearre privaatskoalle mei 8.500 studinten.[3]

Susterstêden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Bibel, Nehemia 10:12
  2. Qiryat Ono (Israel)
  3. Ono Academic College - PROFILE - ONO ACADEMIC COLLEGE