Springe nei ynhâld

Kie Ellens

Ut Wikipedy
Waving, not drowning fan Kie Ellens yn Eerste Oomsberg yn de gemeente Stedskanaal (1994)

Kie Ellens (Dokkum, 20 jannewaris 1956) is in Nederlânske byldzjend keunstner.[1]

Ellens folge earst fan 1976 oant 1982 in oplieding skilderjen en dêrnei in oplieding romtlike foarmjouwing oan de Akademy Minerva yn Grins. Hy studearre ôf yn 1982 en makke ferskate romtlike objekten yn ytlike plakken yn Nederlân. Hy eksposearre geregeldwei yn Dútslân en Nederlân. Ellens wie fan 2001 oant 2005 adviseur fan it Atelier Rijksbouwmeester. Fan 1 july 2007 ôf is Ellens direkteur fan de Stichting Wall House #2 yn Grins. Dy stichting biedt alle jierren ynternasjonale keunstners as artist in residence in wurk-, wen- en eksposysjeromte.

It Frysk Museum hat syn ynstallaasje Thuis is ook niet alles (2004) yn de kolleksje.[2]

In kar:

  • Two nights - Grins (1995)
  • Waving, not drowning - Stedskanaal (1994)
  • X-ing the Air - Grins (1986)
  • Zonder Titel - Grins, Schoolholm (1988)
  • Zonder Titel - Assen, wyk Peeloo

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: