Keunstmjittige ynseminaasje by kij
Keunstmjittige ynseminaasje by kij waard yn it earstoan flak foar en nei de Twadde Wrâldoarloch tapast om besmetlike dekynfeksjes te bestriden.
Doe't dat doel berikt wie, waard geandewei tocht dat de kij troch keunstmjittige ynseminaasje (k.y.) better waarden. Nei behanneling fan it sperma kinne fan ien ejakulaasje in soad kij ynseminearre wurde, sadat goede fokbollen troch k.y. folle mear neikommelingen leverje kinne as by natuerlike dekking. Boppedat kin it sperma lange tiid bewarre wurde; dêrtroch is it mooglik dat it bollesied ek nei harren dea brûkt wurde kin. De klam op kijferbettering hat gefolgen hân foar de organisaasjestruktuer fan it k.y.-wêzen yn Fryslân. Fokbollen moatte nammentlik ek beoardiele wurde op grûn fan prestaasjes fan harren neikommelingen (molkjefte, aaiwyt- en fetgehalten, groeifermogen, melkberheid, eksterieur [uterlik], ensfh.). Dêrom wurde sûnt 1968-1969 fan alle jonge bollen dy't jierliks ynset wurde, in lyts tal earste ynseminaasjes dien; genôch om letter it ferervjend fermogen oan de neikommelingen fêst te stellen. It bollemateriaal is mei it each dêrop yndield yn de kategoryen proef-, wacht- en fokbollen. De skaalfergrutting hat ek binnen it k.y.-wêzen ta konsintraasjes laat: fan de 29 k.y-ferienings dy't der yn 1947 yn Fryslân wienen, binne yn 1973 nei fúzjes 5 oerbleaun. Dat wienen Noardeast-Fryslân (Gytsjerk, 61.622 earste ynseminaasjes), Súdeast-Fryslân (Nijeholtpea, 59.108), Súdwest-Fryslân (Arum, 53.636), De Knipe en omkriten (it Oranjewâld, 17.910), De Gearwurking (Garyp, 11.727). It totaal oan ynseminaasjes wie 204.003 (1973).
K.Y.-Bûn yn Fryslân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It k.y.-bûn fan Ferienings fan Keunstmjittige Ynseminaasjes (KY) waard oprjochte op 24 desimber 1946. Doel wie it behertigjen fan de belangen fan de oansletten k.y.-ferienings om ta in doelmjittiger kijfokkerij te kommen op koöperative basis. It Bûn stelde yn 1971 in profesjoneel sekretariaat te Ljouwert yn. Mei it 'Friesch Rundvee Stamboek' (FRS) wurdt nau gearwurke. De bûnen KY en FRS jouwe yn 'e mande it moanneblêd "De Friese Veefokkerij" út. Op administratyf mêd waard mei it FRS gearwurke yn it Provinsjaal Administratyf Sintrum (PAC), dêr't ek de 'Stichting Rundveeverbetering in Friesland' by oansletten wie. Yn de santiger jierren ûntstie der in tanimmend betrouwen yn de k.y. en dêrtroch naam tal ynseminaasje ta: yn 1974 wienen der 14.295 mear earste ynseminaasjes as yn 1973.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|