Keunstmjittige ynseminaasje by kij

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Ynseminator

Keunstmjittige ynseminaasje by kij waard yn it earstoan flak foar en nei de Twadde Wrâldoarloch tapast om besmetlike dekynfeksjes te bestriden.

Doe't dit doel berikt waard, waard geandewei fûn dat de kij troch keunstmjittige ynseminaasje better waarden. Nei behanneling fan it sperma kinne fan ien ejalkulaat in soad kij ynsemineard wurde, sadat goede fokbollen by k.y. folle mear neisieten leverje kin as by natoerlike dekking. Boppedat kin sperma lange tiid bewarre wurde; hjirtroch is it mooglik dat it bollesie ek nei harren dea brûkt wurde kin. De neidruk op kijferbettering hat gefolgen hân foar de organisaasjestruktuer fan it k.y.-wêzen yn Fryslân. Fokbollen moatte nammentlik ek beoardiele wurde op grûn fan prestaasjes fan harren neikommelingen (molkjefte, aaiwyt- en fetgehaltes, groeifermogen, melkberheid eksterieur ensfh.). Dêrom wurde sûnt 1968-1969 fan alle jonge bollen dy 't jierliks ynsetten wurde, in lyts oantal earste ynseminaasjes dien, genôch om letter it ferervjend fermogen oan de neikommelingen fêst te stellen. It bollemateriaal is mei it each hjirop yndield yn de kategoryen proef-, wacht- en fokbollen. De skealfergrutting hat ek binnen it k.y.-wêzen ta konsintraasjes laat: fan de 29 k.y-ferienings dy't der yn 1947 yn Fryslân wienen, binne yn 1973 nei fúzjes 5 oerbleaun. Dit wienen Noardeast-Fryslân (Gytsjerk, 61.622 earste ynseminaasjes), Súdeast-Fryslân ( Nijeholtpea, 59.108), Súdwest-Fryslân ( Arum, 53.636), Knipe en omkriten, ( It Oranjewâld, 17.910 ), De Gearwurking ( Garyp, 11.727). It totaal oantal ynseminaasjes wie 204.003 (1973).

k.y.-stasjon yn It Oranjewâld

K.Y.-Bûn yn Fryslân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It k.y.-bûn fan Ferienings fan Keunstmjittige Ynseminaasjes waard oprjochte op 24 desimber 1946. Doel wie behertiging fan belangen fan de oansletten k.y.-ferienings om in doelmjittiger kijfokkerij te berikken op koöperative basis. It Bûn stelde yn 1971 in profesjoneel sekretariaat te Ljouwert yn. Mei it 'Friesch Rundvee Stamboek' wurdt nau gearwurke. De bûnen KY en FRS jouwe yn de mande it moanneblêd "De Friese Veefokkerij" út. Op administratyf mêd waard mei it FRS gearwurke yn it Provinsjaal Administratyf Sintrum (PAC), dêr't ek de 'Stichting Rundveeverbetering in Friesland' by oansluten wie. Yn de santiger jierren kaam der in groeiend betrouwen yn de k.y. wêrtroch't it oantal ynseminaasje tanaam: yn 1974 wienen der 14.295 mear earste ynseminaasjes as yn 1973.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: