Springe nei ynhâld

Keninkryk Sisylje

Ut Wikipedy
Keninkryk Sisylje

Regnum Siciliae (Latynsk)
Regno di Sicilia (Italjaansk)
Regnu di Sicilia (Sisyljaansk)

1130–1816
flagge wapen
geografyske lokaasje

     it Keninkryk Sisylje yn 1154
polityk
haadstêd Palermo
offisjele taal Latyn, Gryksk
steatsfoarm feodale monargy
ûntstien út Greefskip Sisylje
Hartochdom Apûlje en Kalaabrje
opgien yn Keninkryk fan de Twa Sisyljes
no diel fan Itaalje
sifers

It keninkryk Sisylje wie in steat yn it suden fan it hjoeddeiske Itaalje.

De steat waard yn 1130 troch Rogier II fan Sisylje stifte en bestie oant 1816. Earder wie it it greefskip Sisylje, dat stifte wie yn 1071 nei de oermastering fan Súd-Itaalje troch de Normandjers. It keninkryk wie net beheid ta it eilân Sisylje, mar ek it suden fan Itaalje en Malta hearden by it keninkryk. It eilân sels wie ferdield yn de trije regio's Val di Mazara, Val Demone en Val di Noto.

Oant 1282 waard it keninkryk ek wol regnum Apuliae et Siciliae neamd. Yn dat jier soarge in rebelly, dy't bekend waard as de Sisyljaanske Fespers, foar de ôfsetting fan Karel fan Anjou, dy't oer Sisylje hearske. It hûs fan Anjou slagge der yn om de gebieten op it Italjaanske fêstelân te behâlden, dat lang om let it keninkryk Napels neamd waard, wylst it eilân in apart keninkryk waard ûnder de hearskippij fan in Katalaanske dynasty, dy't oer it keninkryk Aragon hearske.

Nei 1302 waard it eilân somtiden it keninkryk Trinacria neamd (trinacria besjut trijehoek). Fakentiden waard it keningskip takend oan in oare foarst lykas de kening fan Aragon, de kening fan Spanje of de keizer fan it Hillige Roomske Ryk.

Yn 1816 waard it keninkryk Sisylje gearfoege mei it keninkryk Napels yn it nije keninkryk fan de Twa Sisyljes. Troepen ûnder Giuseppe Garibaldi foelen yn 1861 it keninkryk oan en oermasteren it. Garibaldi droech it oer oan it Hûs fan Savoye om it mei oare steaten letter te ferienigjen yn it nije keninkryk Itaalje.

Hús Regear Kening Ofbyld
Hûs fan Hauteville
(1130–1198)
1130–1154 Roger II
Hûs fan Hauteville
(1130–1198)
1154–1166 Willem I
(Willem de Goddeleaze)
Hûs fan Hauteville
(1130–1198)
1166-1189 Willem II
(Willem de Goede)
Hûs fan Hauteville
(1130–1198)
1189-1194 Tancred I
(mienskiplik regear)
Hûs fan Hauteville
(1130–1198)
1193 Roger III
(mienskiplik regear)
Hûs fan Hauteville
(1130–1198)
1194 Willem III
Hûs fan Hauteville
(1130–1198)
1194–1198 Konstans I
Hûs fan Hohenstaufen
1194–1266
1194–1197 Hindrik I
Hûs fan Hohenstaufen
1194–1266
1198–1250 Freark I
(mienskip regear)
Hûs fan Hohenstaufen
1194–1266
1212–1217 Hindrik II
(mienskiplik regear)
Hûs fan Hohenstaufen
1194–1266
1250–1254 Koenraad I
Hûs fan Hohenstaufen
1194–1266
1254–1258 Koenradyn
Hûs fan Hohenstaufen
1194–1266
1258–1266 Manfred I
Hûs fan Anjou-Sisylje
1266–1282
1266–1282 Karel I
Hûs fan Anjou-Sisylje
1266–1282
1276–1285 Konstans II
(mienskiplik regear)
Hûs fan Anjou-Sisylje
1266–1282
1282–1285 Piter I
Piter de Grutte
(mienskiplik regear)
Hûs fan Anjou-Sisylje
1266–1282
1285–1295 Jakobus I
Jakobus de Rjochtfeardige
Hûs fan Anjou-Sisylje
1266–1282
1295–1337 Freark II
Hûs fan Anjou-Sisylje
1266–1282
1337-1342 Piter II
Hûs fan Anjou-Sisylje
1266–1282
1342–1355 Loadewyk I
Hûs fan Anjou-Sisylje
1266–1282
1355–1377 Freark III
(Freark de Ienfâldige)
Hûs fan Anjou-Sisylje
1266–1282
1377–1401 Maria I
(mienskiplik regear)
Hûs fan Anjou-Sisylje
1266–1282
1390–1409 Martinus I
(mienskiplik regear)
Hûs fan Anjou-Sisylje
1266–1282
1409–1410 Martinus II
Hûs fan Trastámara
1412–1516
1412-1416 Ferdinand I
(Ferdinand de Earlike)
Hûs fan Trastámara
1412–1516
1416–1458 Alfons I
Hûs fan Trastámara
1412–1516
1458–1468 Jehan I
Hûs fan Trastámara
1412–1516
1468-1516 Ferdinand II
(Ferdinand de Katolyk)
Hûs fan Trastámara
1412–1516
1516–1555 Jehanne I
(Jehanne de Sljochtsinnge)
Hûs fan Habsburg
1516-1700
1516–1554 Karel II
Hûs fan Habsburg
1516-1700
1554–1598 Filips I
Hûs fan Habsburg
1516-1700
1598–1621 Filips II
Hûs fan Habsburg
1516-1700
1621–1665 Filips III
Hûs fan Habsburg
1516-1700
1665–1700 Karel III
Hûs fan Bourbon
1700-1713
1700–1713 Filips IV
Hûs fan Savoy
1713–1720
1713–1720 Fiktor Amadéus
Hûs fan Habsburg
1720–1735
1720–1735 Karel IV
Hûs fan Bourbon
1735–1816
1735–1759 Karel V
Hûs fan Bourbon
1735–1816
1759–1816 Ferdinand III

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: