Keninklike Rederikerskeamer 'Ons Genoegen'
Appearance
Keninklike Rederikerskeamer 'Ons Genoegen', oprjocht op 25 juny 1864, is in rederikersferiening yn Seisbierrum.
It is ien fan de seis Nederlânske rederikerskeamers dy't it predikaat Keninklik fiere meie. 'Ons Genoegen' rjochtet him fral op it útfieren fan ien as mear toanielstikken it jier. De stikken wurde earst op de planken broch yn doarpshûs It Waed, mei dêrnei in tal foarstellingen yn oare plakken at dêr ferlet fan is.