Springe nei ynhâld

Calgary

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Kelgery)
Calgary
Emblemen
         
Bestjoer
Lân Kanada
Provinsje Alberta
Regio Regio Calgary
Sifers
Ynwennertal 1.096.833 (2011)
Oerflak 825,3 km²
Befolkingsticht. 1.329,0 / km²
Stêdekloft 1.214.839 (2011)
Hichte 1.048 m
Oar
Stifting 1875
Tiidsône UTC –7
Simmertiid UTC –6
Koördinaten 51°02′45″N 114°03′27″W
Offisjele webside
www.calgary.ca
Kaart
Calgary (Alberta)
Calgary
Lizzing yn Alberta.

Calgary is de grutste stêd fan de Kanadeeske provinsje Alberta, de stêd leit op sawat 80 kilometer ôfstân fan de Rocky Mountains. Calgary telde yn april 2010 1,071,515 ynwenners (agglomeraasje: 1.230.248) (2009)) wêrmei't it nei Toronto en Montreal de grutste stêd fan Kanada is en de fjirde grutste agglomeraasje fan it lân. De ynwenners fan Calgary steane bekend as Calgarians.

De stêd is populêre bestimming foar wintersporters troch it grut tal fakânsjeparken yn de bergen. De ekonomy fan de stêd bestiet fral út de petroleumyndustry, mar de lânbou, it toerisme en technology binne ek fan belang. Yn 1988 organisearre Calgary de Olympyske Winterspullen.

De bynamme fan Calgary is Cowtown en it symboal fan de stêd is in wite Cowboyhoed, dat referearret oan it âlde-westen karakter fan Calgary.

Sûnt 2010 is de Kanadees Naheed Nenshi de boargemaster fan Calgary.

Calgary yn it jier 1885

It ûntstean fan Calgary

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it gebiet dêr't de stêd tsjintwurdich leit wennen tûzenen jierren lyn al Blackfoot-Yndianen, ien fan de yndianenstammen dy't it Noard-Amerikaanske kontinint bewenne. De earste Europeaan dy't him yn de omjouwing fan Calgary fêstige wie de Ier John Glenn, dy't him hjirre yn 1793 mei de frou fêstige oan de rivier de Bow. Ynearsten krige de stêd de namme Fort Brisebois, neamd nei plysjeoffisier Éphrem-a Brisebois fan doetiidske North West Mounted Police. Yn 1876 begûn men lykwols te twifeljen oan de betrouberens fan dy, en doe krige de stêd de namme Fort Calgary, neamd nei Cala-ghearraidh, in strân fan it Skotske eilân Mull. In tal jierren letter krige Fort Calgary har eigen treinstasjon en waard sa oansletten op it spoarnetwurk fan de Canadian Pacific Railway. Dêrtroch groeide de delsetting út ta in wichtich sintrum op it gebiet fan lânbou en hannel. Oant de dei fan hjoed is it haadkantoar fan de Canadian Pacific Railway yn Calgary fêstige. Yn 1884 waard Calgary in town en waard ek de earste boargemaster, George Murdoch, keazen. Pas yn 1894 waard Calgary in stêd, diel útmeitsjend fan it gebiet Northwest Territories, de provinsje Alberta soe pas yn 1905 ûntstean.

Yn 1947 waard in protte oalje yn de boaiem fan Alberta fûn en Calgary groeide dêrom gau út ta in wichtige oaljestêd. Dêrtroch groeide de ekonomy, mar fral ek it ynwennertal fan de stêd. Yn 1971 wennen der 403.000 minsken en yn 1988 657.000, in groei fan mear as 60% yn 17 jier. Yn dy perioade fan sterke groei waarden in protte wolkekliuwers boud en krige Calgary in echt stedsimago.

Yn it begjin fan jierren '80 krige de stêd te krijen mei in stagnearjende enerzjymerk. Omdat de ekonomy fan Calgary benammen op dy enerzjymerk basearre wie, ûntstie der in hege wurkleazens. Sûnt dy tiid is de ekonomy fan Calgary begûn him ek op oare merken te rjochtsjen. Mei dêrtroch waard Calgary hieltyd moderner en groeide út ta in stêdekloft. De Olympyske Winterspullen fan 1988 wiene in wichtige stap yn dat proses.

Tsjintwurdich is de ekonomy fan Calgary ien fan de fluchst groeiende fan Kanada. Oalje en gas binne noch hieltiten de wichtichste boarnen fan ynkomsten yn de stêd, mar men is ek begûn te ynvestearjen yn oare merken, ûnder oare yn it toerisme. Dy flugge groei fan de ekonomy, in tige fluch groeiende befolking, bringt ek problemen mei him mei yn de foar fan in tekoart oan wenromten en ek in net te stuitsjen fraach nei wurknimmers.

Alle jierren besykje mear as 4 miljoen minsken de stêd, net allinne foar ferskate festivals dy't er organisearre wurde lykas de Calgary Stampede, mar ek om de skitterjende natoer fan de Nasjonale parken Jasper, Banff en Lake Louise te ferkennen.

Western Canada Place

Calgary is sitewearre yn it heuvelige foarlân fan de Rocky Mountains grinzgje, en de stêd leit dan ek op in hichte fan 1048 meter boppe seenivo. Der streame twa grutte rivieren troch de stêd: de Bow en de Elbow, dy't ek it sintrum trochkruse. Om't it klimaat yn de omkriten fan Calgary frijwat drûch is, fynt men natuerlike floara fral by de rivieren lâns en yn it Provinsjaal Park Fish Creek, it grutste stedspark fan Kanada, mei de status fan in provinsjaal park. De stêd beslacht in tige grut oerflak (721 km²) en is dêrmei grutter as bygelyks Toronto of New York (stêd). Oan 'e súdwestkant grinzget Calgary oan it Sarsy Naasje Reservaat 145, it Yndianereservaat fan de Sarsy Naasje.

Ofstannen nei oare stêden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Calgary hat in drûch lânklimaat mei lange en wikselfallige winters en tige koarte simmers. It klimaat wurdt sterk beynfloede troch de hege lizzing fan de stêd en de Rocky Mountains dy't tichteby lizze. De winters yn de stêd kinne dan ek ekstreem kâld wêze, -20 graden Selsius is gjin útsûndering. Soms waait der ek de Chinook wyn, oer de stêd, dy waarme lucht út de Grutte Oseaan wie mei him meibringe en dêrtroch kin de temperatuer soms yn in pear oeren tiid mei mar leafst 15 graden stiigje.

Calgary is in stêd fan ekstremen, yn 1893 berikte de minimumtemperatuer in rekord fan mar leafst -45 graden Selsuis, mar yn 1919 waar in maksimumtemperatuer fan 36 graden metten. Yn alle jierren stiget de temperatuer sawat 4 dagen tsjin de 30 graden, en daalt de temperatuer 5 dagen ûnder de -30 graden. De nachten binne simmers wol kâld, in trochsneed minimumtemperatuer fan 8 graden yn juny. Nettsjinsteande it kâlde imago, is Calgary wol ien fan de stêden fan Kanada dy't de measte sinne hat, mei 2405 oeren sinne yn it jier, en der falt relatyf in bytsje delslach.

Calgary

De ekonomy berêst foar it grut part op de groeiende oalje-yndustry en ferskate grutte en lytse oaljemaatskippijen hawwe harren haadkantoaren yn de stêd fêstige. In tal dêrfan binne BP, EnCana, Imperial Oil en TransCanada. Ek de Canadian Pacific Railway en loftfeartmaatskippij WestJet hawwe harren haadkertieren yn Calgary. Oaljemaatskippij EnCana hat yn oktober 2006 de bou fan in nije wolkekliuwer oankundige. It giet om in heechbouprojekt fan 59 ferdjipings, en sil de heechste wolkekliuwer fan West Kanada wurde.

Downtown Calgary
Stânbyld fan in rodeo rider
De stêd by de Calgary Stampede

It sintrum fan de stêd, oftewol Downtown Calgary, bestiet út fiif wiken: Eau Claire, Downtown West End, Downtown Commercial Core, Chinatown en Downtown East Village. It Commercial Core is ek wer ûnderferdield yn in tal distrikten, te witten Stephen Avenue Retail Core, Entertainment District, Arts District en Government District. In wichtich in tige tichtbefolke stedsdiel is de Beltline, besteande út ferskate wiken. Dat distrikt is ien fan de wichtichste op it gebiet fan de modernisearring fan Calgary.

Cowtown, sa't Calgary ek wol neamd wurdt, it grutsk op har Western-imago, alle jierren kulminearjend yn de Calgary Stampede, ien fan de grutste festivals yn Kanada. Stadichoan kriget de stêd ek mear bekendens as in stêdekloft mei in grut ferskaat. It is in kosmopolityske stêd, ek al fynt men noch wol in protte spoaren fan de âlde-westen kultuer: typyske saloons, western bars en hokky. Sûnt de jierren ‘90 is de stêd ek in sintrum foar country muzyk yn Kanada, en wurdt som sels it Nashville fan it Noarden neamd.

Multykultureel Calgary

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Calgary is ek in multykulturele stêd, en hat krekts as Fankoever en Toronto, har eigen Chinatown en Little Italy. De wyk Forest Lawn is ien fan de meast mikste wiken fan de stêd. 17th Avenue, de wichtichste strjitte fan dat distrikt stiet ek wol bekend as International Avenue. Dy wyk stiet fol mei in ferskaat oanbod fan restaurants en winkels.

Sawat 79% fan de befolking yn Calgary stammet ôf fan de Europeeske foarâlden. De wichtichst etnyske minderheden yn se stêd komme, of stamme ôf fan âlders út: Sina: 51.540, Súd-Aazje: 36.370 en de Filipinen 16.245.

It wichtichste kulturele sintrum fan Calgary is it Southern Alberta Jubilee Auditorium, yn de folksmûle simpelwei the Jube. It auditoarium hat in kapasiteit fan 2700 taskôgers, en men kin der teater, Broadway musicals, mar ek lokale produksjes besjen. Alle jierren geane mear as 850.000 besikers nei ien fan dy foarstellings. It auditoarium is de thúsbasis foar it Alberta Ballet, de Calgary Opera en ek wurdt it Kiwanis Music Festival der organisearre.

Yn Calgary wurde alle jierren in protte festivals organisearre, de wichtichst dêrfan binne it Folk Music Festival en it rodeotoernoai Calgary Stampede, dat yn 2005 mear as 1 miljoen besikers luts. Fierder hat de stêd har eigen jierlikse Ynternasjonaal Filmfestival.

It bekendste museum fan de stêd is it Glenbow Museum, it grutste museum fan West-Kanada. In protte lytsere keunstgalerys kin men fine om de strjitten Stephen Avenue en 17th Avenue hinne. Oare musea yn Calgary binne:

  • Chinese Cultural Centre in North America
  • Canadian Olympic Hall of Fame
  • Art Gallery of Calgary (AGC)
  • Military Museums
  • Cantos Music Museum
  • Aero Space Museum

Ek it besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ien fan de dingen dy't yn Calgary it besjen wurdich binne is de Calgary Zoo mei in prehistoarysk park dêr't dinosauriërreplika's, dat ik grut tal besikers lûke. Ek de Calgary Tower is ien fan de trekplasters. Dy sawat 190 meter hege toer biedt útsicht op de stêd en ek de him eastlik fan Calgary útstrekkende prairies en de Rocky Mountains westlik fan de stêd. Fierder binne der, neist in protte parken en natoergebieten, de folgjende attraksjes te finen:

  • Eau Claire Market
  • Chinatown
  • TELUS World of Science
  • Devonian Gardens
  • Heritage Park Historical Village
  • Canada Olympic Park

Yn 1988 organisearre Calgary de Olympyske Winterspullen. It wie de earste kear dat dêrby in oerdekte reedridershal brûkt waard. De Nederlânske reedrydster Yvonne van Gennip behelle op dy baan, dy't midden op de kampus fan de Univerity of Calgary stiet, trije gouden medalje. Golfjen en fiskjen binne beide tige populêr ûnder de Calgarians. De bekendste professjonele sportploegen fan de stêd binne de iishokkyklup de Calgary Flames en de football klup Calgary Stampeders.

Calgary is in drok transportknooppunt fan sintraal Kanada. Calgary International Airport ferbynt de stêd mei alle grutte stêden yn Noard-Amearika, en der besteane seizoensflechten nei Europeeske bestimmings. De Trans-Canada Highway is in wichtige ferkearsier dy't de stêd mei de rest fan it lân ferbynt.

Yn de stêd sels fynt men in typysk Noard-Amerikaanske rasterfoarmich netwurk fan nûmere strjitten. It iepenbier ferfier fan Calgary wurdt fersoarge troch Calgary Transit en bestiet út 160 busrûtes en de C-Train.

Berne yn Calgary

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Ralph Klein

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.