Springe nei ynhâld

Keiko Awaji

Ut Wikipedy
Keiko Awaji
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Keiko Awaj (淡路 恵子)
nasjonaliteit Japansk
berne 17 july 1933
berteplak Tokio (Japan)
stoarn 11 jannewaris 2014
stjerplak Tokio (Japan)
etnisiteit Japansk
jierren aktyf 19492013
offisjele webside
gjint

Keiko Awaji, Japansk: 淡路 恵子 (Tokio, 17 july 1933 – dêre, 11 jannewaris 2014), wie in Japansk filmaktrise.

Awaji waard yn 1933 berne yn 'e Japanske haadstêd Tokio. Under har karriêre spile se yn mear as 160 ûnderskate films. Har grutste súksessen wiene Nora Inu (野良犬; feringelske ta Stray Dog), út 1949, fan regisseur Akira Kurosawa; Ōatari Tanuki Goten (大当り狸御殿; The Badger Palace), út 1958; en Kirare Yosaburō (切られ与三郎; Scar Yosaburo), út 1960. Yn 1954 spile se de rol fan Kimiko njonken Hollywood-akteurs William Holden en Mickey Rooney yn 'e troch filmstudio Paramount Pictures útbrochte Amerikaanske spylfilm The Bridges at Toko-Ri (nei in roman fan James Mitchener), oer in Amerikaanske marinepiloat dy't yn 'e Koreä-oarloch in stikmannich fûleindich ferdigene brêgen bombardearje moat. Yn 1988 waard Awaji nominearre foar in Japanske Akademypriis foar har byrol yn 'e film Otoko wa Tsurai yo: Shiretoko Bojō (男はつらいよ 知床慕情; Tora-san Goes North).

Awaji troude twaris. De earste kear wie mei de Filipynske muzikant en akteur Rodrigo "Bimbo" Danao. Se krigen twa bern, wêrfan't de âldste de akteur Etsuo Shima is. Awaji har twadde houlik, mei de Japanske akteur Kinnosuke Yorozuya, einige yn 1987 yn in skieding. Mei him hie hja ek twa bern. Harren âldste soan, Akihiro, kaam yn 1990 om by in auto-ûngemak. Harren jongste soan, Kichinosuke Yorozuya, waard yn 2004 arrestearre om't er yn Awaji har appartemint ynbrutsen hie; dêrfoar waard er feroardiele ta in healjier finzenisstaf. Op 16 juny 2010 died er himsels tekoart troch fan syn memme apartemintegebou te springen. Awaji stoar mids jannewaris 2014 yn 'e âlderdom fan krekt 80 jier oan sloktermkanker.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.