Kees Jiskoot
Kees Jiskoot (Barendrecht, 4 septimber 1933 - Goes, 4 septimber 2015) wie in Nederlânske dokter, dichter en oersetter fan wurk fan Slavyske letterkundigen.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jiskoot wenne fan 1935 ôf hast hiel syn libben yn Seelân. Hy slagge yn 1960 foar it artseksamen oan de Universiteit Utert wêrnei't er de rest fan syn profesjonele libben wurke as gûvernemint -, hûs - en fersekeringsdokter. Yn 1977 begûn er Russysk te learen, yn 1987 sette er syn earste Russyske gedicht oer: Silentium fan Fjodor Tjoettsjev nei oanlieding fan in poëzywedstriid dy't útskreaun wie troch NRC-Handelsblad. Fan 1996 ôf ferskynden oersettingen fan Tjoettsjev, Michail Lermontov en oaren yn it tydskrift De Tweede Ronde; fan 2000 ôf ferskynden syn oersettings ek yn it Tijdschrift voor Slavische Literatuur. Hy yntrodusearre mei syn oersettings fan Larisa Miller har wurk yn it Nederlânske taalgebiet. Foar syn oersettingen krige er yn 2013 de Aleida Schot-priis. Utsein oersettingen skreau er ek light verse.
Foar dat sjenre krige er yn 2003 de Kees Stippriis.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Michail Lermontov, Ik wil leven, ik wil lijden. Antwerpen, 2008.
- Larisa Miller, Zestig gedichten. Amsterdam, 2011.
- Sergej Jesenin, Gedichten. Amsterdam, 2012.