Springe nei ynhâld

Kay Lenz

Ut Wikipedy
Kay Lenz
akteur
Kay Lenz yn de trailer fan Breezy
Kay Lenz yn de trailer fan Breezy
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan de Feriene Steaten Amerikaansk
berne 4 maart 1953
berteplak Los Angeles
jierren aktyf 1967-no
offisjele webside
(in) IMDb-profyl Kay Lenz

Kay Ann Lenz (Los Angeles, 4 maart 1953) is in Amearikaansk aktrise.

Lenz waard berne yn Los Angeles as dochter fan Ted Lenz, in produsint/kommintator en Kay Miller Lenz, model/radiotechikus. Se ferskynde op telefyzje as lytse poppe dy't troch in gast fêstholden waard yn in programma dat har heit produsearre.

Lenz begûn har karriêre mei optredens yn trije ôfleveringen fan This Is the Life doe't se 14 wie. Dêrnei ferskynde geregeld yn soksoarte tf-shows lykas The Andy Griffith Show (ûnder de artystenamme Kay Ann Kemper), Opie's Group (1967) en ek yn poadiumproduksjes. Se hie in lytse rol (as Kay Ann Kemper op de titelrol) yn American Graffiti (1973) as Jane, in famke by in dûns. As aktrise krige hja erkenning foar har titelrol prestaasje as de frijfochten geast yn Breezy, regisearre troch Clint Eastwood, dy't William Holden tige fêsthâld.

Lenz hie gastoptredens yn The Streets of San Francisco, Gunsmoke, MacGyver, McCloud, Cannon, Petrocelli en spile in haadrol yn de film White Line Fever (1975) foardat hja yn 1976 cast waard foar de minyrige Rich Man, Poor Man, dêr't se foar op de nominaasje kaam te stean foar in Emmy Award. Ek yn de ferfolchrige, Rich Man, Poor Man Book II (1977) hold se har rol. Sûnt de jierren tachtich hat hja gastrollen spile yn tal fan telefyzjesearjes.

Yn 1984 ferskynde hja yn Rod Stewarts fideoklip foar it liet "Infatuation". Se wûn in Emmy yn 1989 foar Midnight Caller. Teffens waard se nominearre foar in Emmy foar har rol as flinke abbekaat Maggie Zombro yn it plysje/rjochtbankdrama Reasonable Doubts.

Lenz wie fan 1977 oant en mei 1983 troud mei David Cassidy.

In kar:

Utsein gastoptredens foar ien kear.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: