Springe nei ynhâld

Katarina I fan Ruslân

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Katharina I fan Ruslân)
Tsarina Katarina I

Katarina I Aleksejevna (Russysk: Екатерина I Алексеевна) (Jakobstadt (no Jēkabpils yn Letlân), 15 april 1684 - Sint-Petersburch, 17 maaie 1727) wie keizerinne fan Ruslân en de twadde frou fan tsaar Peter de Grutte.

Sy waard berne as Marta Skavronskaja, dochter fan Samuil Skavronski, in Litousk boer fan Poalsk komôf, en Dorothea Hahn, út Jakobstadt (no Jēkabpils yn Letlân). Nei't se al ier beide âlden kwytrekke wien, waard se oannaam troch de Baltyske Dútser Ernst Glück, in lutheraanske dûmny en skoalmaster yn it Letske Marienboarch. Mei 17 jier boaske hja oan 'e Sweedske dragonder Johan Cruse of Johann Rabbe (de boarnen binne it net iens oer de namme). Doe't Russyske troepen de stêd ynnamen, waard sy finzen naam.

It is net dúdlik wat dêrnei barde. Guon boarnen wolle hawwe dat Katarina as waskfrou foar de Russyske troepen wurke, mar der bestiet ek in ferhaal dat se yn har ûnderguod by brigadegeneraal Rudolph Felix Bauer, de lettere Russyske gûverneur fan Estlân, ôflevere waard om mei him it bêd te dielen. Letter makke se diel út fan 'e húshâlding fan foarst Aleksandr Mensjikov, de bêste freon fan de tsaar, dy't har neffens it ferhaal fan in oar oerkocht, wat oanjaan soe dat se ta liifeigenskip ferfallen wie. Katarina soe Mensjikov syn mêtresse wurden wêze, mar modern ûndersyk hat dat yn 'e kiif steld, en it liket der no teminsten likefolle op dat Mensjikov en sy in ferbûn sleaten, en sy foar de foarst yn 'e húshâlding fan 'e tsaar ynfiltrearre en dêr syn spionne wie. Dy sitewaasje kaam ta stân doe't Mensjikov har yn 1703 naam Mensjikov har geregelwei mei nei hûs ta naam en sadwaande yn 'e kunde brocht mei tsaar Peter.

Rillegau makke de tsaar har ta syn mêtresse, en yn 1705 gong hja oer nei de ortodokske tsjerke en feroare har namme yn Jekaterina Aleksejevna. Sy troude, nei alle wierskyn offisjeus al op 19 novimber 1707, mar offisjeel earst op 1 maart 1712 mei de tsaar en krige alve bern dy't koart nei de berte stoaren, útsein Anna (1708-1728) en Elisabet (dy't beiden foar de offisjele houliksdatum berne waarden). De lêste soe letter (1741-1762) sels keizerinne wurde. De neisieten fan Anna, dy't 1725 boaske wie oan Karel Frederik, soenen nei Elisabet op de troan komme oant de Russyske Revolúsje yn 1917.

Peter makke har 1724 meiregint, en dat bleau sy nettsjinsteande it skandaal mei Willem Mons. Peter stoar it jier letter, mar hie syn opfolging net goed regele. Hoewol't sy erkend waard aas syn opfolger, hie har âlde beskermhear Mensjikov de wiere mach en de fan him late Hege Kroanried.

It folk mocht har graach leie, meidat hja sels in ûnbelêzen frou út it folk wie, mar Katarina regearre net sa lang. Sy hâlde der in ûnfoege libbenswize op nei dêr't har sûnens fan te lijen hie. Op 17 maaie 1727 stoar hja, noch mar 43 jier âld. Foar har dea hie hja noch besocht har dochter Elisabet as har opfolgster erkend te krijen, mar it hof besleat oars en sette Peter I syn pakesizzer as Peter II op de troan.

Katarina wie de earste eigener fan de keizerlike residinsje Katarinapaleis.

Froulju oan it bewâld

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Catharina wie de earste frou dy't it regear oer it Keizerryk Ruslân hie; troch har waard in nije wie yn de skiednis fan Ruslân ynslein. Benei de hiele 18e iuw wurdt Ruslân troch froulju oerhearske, Anna I, har dochter Elisabet I en Katarina II en oaren. Sy holden fêst oan de styl fan regearjen fan Peter de Grutte, en besochten allegear op harren eigen manier om Ruslân by de tiid te bringen. Fan Katarina I waard sein dat hja in rjochtfeardige en lykwichtige foarstinne wie.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]