Springe nei ynhâld

Katerinakatedraal (Jekaterineburch)

Ut Wikipedy
Katerinakatedraal

Екатерининский собор

Lokaasje
lân Ruslân
oblast Sverdlovsk
plak Jekaterineburch
koördinaten 56° 50' N 60° 36' E
Arsjitektuer
boujier 1758-1768
sloopjier 1930
boustyl barok
Webside
ekbsobor.ru
Kaart
Katerinakatedraal (Jekaterineburch)
Katerinakatedraal

De Katerinakatedraal (Russysk: Собо́р во и́мя свято́й великому́ченицы Екатери́ны) wie in otterdokske katedraal yn 'e Russyske stêd Jekaterineburch. De oan 'e patroanhillige fan Jekaterineburch wijde katedraal waard yn 1930 yn 'e tiid fan Jozef Stalin's anty-religieuze polityk opblaasd.

De Katerinakatedraal wie in grutte barokke tsjerke, dy't as ien fan 'e earste tsjerken fan Jekaterineburch tusken 1758 en 1768 boud waard. Sûnt it begjin fan 'e 19e iuw hawwe der meardere ferbouwings oan 'e katedraal west, dy't de katedraal folle grutte makken en it oansjen fan it bouwurk drastysk feroaren.

Yn opdracht fan 'e ateïstsyske gemeenteried waard de katedraal yn 1930 sletten en dêrnei ferneatige. Op it plak fan 'e katedraal waard it Plein fan 'e Arbeid (Площадь Труда) oanlein, mei yn 'e midden in fontein, dy't de namme "Stiennen Blom" (Каменный цветок) krige. Dêromhinne waarden grienfoarsjennings oanlein.

De Katerinakapel mei de Stiennen Blom.

Op 18 augustus 1991 waard op it plak fan it eardere alter fan 'e katedraal in houten krús set ta oantinken fan de katedraal. Op 'e feestdei fan Sint-Katerina wurdt dêr op 7 desimber alle jierren in tsjinst fierd. Doe't Jekaterineburch yn 1998 275 jier bestie waard der njonken it krús in mei fiif sipels bekroande Katarinakapel boud.

Kontroverse oer de rekonstruksje fan de katedraal

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 18 maart 2010 joech it bisdom oan om mei stipe fan de gûverneur fan 'e oblast Sverdlovsk te krewearjen foar de rekonstruksje fan 'e Katerinakatedraal op it âlde plak. Dat soe betsjutte dat it park op it plak fan 'e eardere katedraal ferdwine moast. Ut ynternetpeilings die bliken dat in grut part fan 'e ynwenners harren net fine koene yn 'e plannen om de katedraal op it âlde plak wer op te bouwen. De beswieren hiene benammen te krijen mei it ferdwinen fan in stikje grien yn it ticht beboude Jekaterineburch en de fontein, dy't mei de omlizzende bebouwing en it park sels as monumint fan it konstruktivisme beskôge wurdt. Op 10 april 2010 wie der in demonstraasjes tsjin de rekonstruksje fan 'e tsjerke. Tsjinstanners hiene 3.591 hantekeningen ynsammele tsjin de weropbou.

De arsjitekt Aleksander Dolgov kaam yn jannewaris 2015 op eigen inisjatyf mei in oanpast plan fan in katedraal op it âlde plak en in frijsteande klokketoer mei dêr tusken yn de fontein op it plein.[1] Yn maart 2016 liet it bisdom lykwols witte dat it fan 'e plannen om de katedraal op itselde plak wer op te bouwen ôfseach. It bisdom woe no in hiele nije tsjerke yn in oare, typysk Russyske styl, op in oare lokaasje bouwe op in oanlein eilân yn 'e stedsfiver, mar net fier fan it âlde plak. [2] Troch nije protesten moast de ried dy plannen wer ynlûke. Der waard troch de stedsplanningsried yn 2018 in oare lokaasje fûn oan it Oktoberplein, dy't lykas it eardere plan neat te meitsjen hie mei it histoaryske ûntwerp. By it tariedende wurk brieken lykwols op 'e nij demonstraasjes en rellen tsjin de bou út, dy't der ta laten dat de plannen stopset waard.[3][4]

Op 13 septimber 2019 namen de ôffurdigen fan de Dûma it beslút twa lokaasjes foar de bou fan 'e nije tsjerke oan te wizen en dy yn in enkête oan 'e befolking foar te lizzen. It ûndersyk wiisde út dat de lokaasje op in âlde fabryk de foarkar krige, dy't ôfbrutsen wurde sil om dêr de bou fan 'e Katerinatsjerke mooglik te meitsjen.[5] [6]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Екатерининский собор (Екатеринбург)