Kategory oerlis:Plak yn Gelderlân

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Dizze kategory is op't heden leech. Krektas "Plak yn Grinslân" en oare provinsjes. Dochs binne der al in wol plakken yn Gelderlân beskreaun: Voorst, Skerpenseel mar ek Arnhim. Arnhim stiet by "Stêden yn Fryslân". Dy kategory is hast leech. Binne der yn it ferline ôfspraken makke oer stêden/doarpen/plakken yn provinsjes en yn oare lannen? Faaks witte "bodders" dy't al folle langer oan de Wikipedy wurkje lykas Theun of Aliter dit noch?Swarte Kees 10 sep 2007, 21.29 (CEST)[beäntwurdzje]

In pear moanne ferlyn wie in nije Meidogger Henk K hjir drok mei dwaande. Dy hat dizze kategoryen leechmakke en woe yn plak dêrfan Stêd yn.. ensfh. hawwe (Sjoch Meidogger oerlis:Henk K, stikje Ferskaat en Plak yn. Henk K hat net op alles antwurde, miskien fûn hy ek wol dat wy tefolle eamelen en hie dêr syn nocht, miskien is der ek noch mei fakansje, as hy folget it allegear net sa goed om't syn Frysk net sa goed is. Koartsein hjir lizze noch wat losse eintsjes. Hoe at it moat?
Om my soe ik sizze salang at wy fan provinsjes mar in pear plakken oant inkele tsientallen beskreaun hawwe soe ik de foarkar hawwe foar in kategory Plak yn .... As der in hiel soad plakken beskreaun binne kinne se ûnderferdielt wurde yn in Kategory mei de gemeentenamme. Theun 10 sep 2007, 22.12 (CEST)[beäntwurdzje]