Springe nei ynhâld

Kategory oerlis:Lybisk persoan

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Lybisk soe eins Lybysk wurde moatte tinkt my.--Swarte Kees 24 okt 2011, 18.36 (CEST)[beäntwurdzje]

Dan moat hjir in Wiskwarskôging op. Wikiice 24 okt 2011, 18.43 (CEST)[beäntwurdzje]
Wy hawwe twa skriuwwizen. 'Lybje' is de standert skriuwwize yn ús Wikipedy, 'Libië' is de standert skriuwwize fan it Frysk Hânwurdboek (2008) fan de Fryske Akademy. De adjektiven binne respektivelik 'Lybysk' en 'Libysk'. Hokfoar adjektyf nimme wy no foar kar? Om my kinne wy wol in kear dwers wêze en 'Lybysk' oanhâlde. Oars soene wy aardich wat siden dêrop oanpasse moatte. Groetnis --Kening Aldgilles 24 okt 2011, 18.52 (CEST)[beäntwurdzje]
Lybjesk is der ek noch as mooglikheid. Is der in oar lân dêr't wy hâldoan by fine kwa skriuwwize?--Swarte Kees 24 okt 2011, 18.57 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik soe Lybysk brûke. --Geoffrey 24 okt 2011, 19.09 (CEST)[beäntwurdzje]
Op dit stuit is it Libysk. Bin it iens mei Swarte Kees om efkes te sykjen nei in fergelykbere lân namme om te sjen wat we in bêste brûke kinne. Wikiice 24 okt 2011, 19.18 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik sil it ris oan it Taalburo foarlizze.--Swarte Kees 24 okt 2011, 21.12 (CEST)[beäntwurdzje]
Hindrik Sijens fan de Fryske Akademy skriuwt:
It Frysk Hânwurdboek fan 2009 jout de lânnammen mei eigenskipswurd en ynwenners: ’Libië lânnamme [libiə] Libysk [libis(k)]; Libiër [libiər], Libise [libisə]. Tusken [ ] stiet de útspraak.--Swarte Kees 25 okt 2011, 17.22 (CEST)[beäntwurdzje]
Dan hat de Kategory dy't no yn gebrûk is dus de goeie namme. Wikiice 25 okt 2011, 17.26 (CEST)[beäntwurdzje]
Muot dan niet de Siede mei de lannamme Lybje nei Libië feroare?? --Bernd 25 okt 2011, 18.17 (CEST)[beäntwurdzje]

At op Bernd syn fraach 'ja' andere wurde moat, soe dat in soad gefolgen hawwe kinne foar de stavering fan ik wit net hoefolle lemma's en wurden. Lykwols, moed hâlde en nea belies jaan! Drewes 25 okt 2011, 18.26 (CEST)[beäntwurdzje]

Dan soest fan Belgje ek België meitsje moatte en der sille noch wol in pear wêze. Lybje en Libië soe ik foarearst mar mei in redirekt oplosse. Yn 'e Wâlden 25 okt 2011, 19.57 (CEST)[beäntwurdzje]
Myn wurdboek seit ek en gjin je Dan moate de flaggesjabloanen ek oanpast wurde Wikiice 25 okt 2011, 20.11 (CEST)[beäntwurdzje]
Bin it mei Drewes iens, at wy dat allegear oernimme jout dat oergrislik folle wurk. Dêr wurd ik net bliid fan. Ik soe sizze moai hâlde sa't it no giet. En hat hjir yn it ferline ek al net diskusje oer west? Der is ommers net samar besletten it sa te dwaan. --Geoffrey 25 okt 2011, 20.44 (CEST)[beäntwurdzje]