Kategory oerlis:Frysk olympysk as paralympysk dielnimmer

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Goededei, kinne wy der net better Kategory:Frysk Olympysk dielnimmer en Kategory:Frysk Paralympysk dielnimmer fan meitsje? Dus twa kategoryen? En moatte wy ek ûnderskied meitsje tusken "gewoane" dielnimmers en Olympysk kampioenen, sa't de Nederlânske wikipedy dat docht? Groetnis fan MeinRei 6 jun 2011, 16.47 (CEST)[beäntwurdzje]

Ik wie al in it neitinken foar in bettere oplossing. Ik sit der oer te tinken om de kategory te werneamen nei Frysk (Para-) (O-)lympysk dielnimmer. Ik tink dat skieden net in goed idee is om't je dan twa lytse kategoryen krije. Groetnis Wikiice 6 jun 2011, 16.53 (CEST)[beäntwurdzje]
Dat soe kinne, al krijt de kategory dan al in nuvere namme. Tsja, der binne mear Frysk Olympyske dielnimmers as Paralympyske. De Olympyske hoecht op himsels net sa lyts te wêzen, der hawwe yn de rin fan de tiid al aardich wat west. Miskien moatte wy it earst mar by de nije litte. Ik wit net oft oare meidoggers in idee hawwe? MeinRei 6 jun 2011, 17.03 (CEST)[beäntwurdzje]
Om te soargjen dat oare meidoggers harren idee ek noch spuie kinne ha ik der al in wiskwarskôging op pleatst mar ha de kategory nog net op de wisklist sels setten. groetnis Wikiice 6 jun 2011, 17.15 (CEST)[beäntwurdzje]