Springe nei ynhâld

Katedraal fan de Opstanning fan Kristus (Tirana)

Ut Wikipedy
Katedraal fan de Opstanning fan Kristus (kapel, tsjerke en klokketoer)

De Katedraal fan de Opstanning fan Kristus (Albaneesk: Katedralja e Ringjalljes së Krishtit) yn Tirana yn Albaanje is de haadtsjerke fan de Albaneesk-Otterdokse Tsjerke en waard op 24 juny 2012 iepene. De katedraal heart ta de grutste tsjerken op de Balkan.

De tsjerke leit súdwestlik fan it Skanderbeg-plein oan de Rruga Dëshmorët e 4 Shkurtit, fuort njonken it haadkantoar fan de Sosjalistyske Partij en it Albaneeske Ministearje fan Definsje.

De opmerklike klokketoer fan de katedraal mei de fjouwer peaskekersen

It kompleks bestiet út in koepeltsjerke, in klokketoer, in kapel, in bestjoersgebou fan de Hillige Synoade en in kultureel sintrum. De koepel fan de tsjerke hat in trochsnit fan 26 meter en is ynklusyf it krús 32 meter heech.

De 47 meter hege toer bestiet út fjouwer kersen om de skacht hinne, dy't de fjouwer evangelisten symbolisearje. De draaitrep yn de skacht liedt ta twa iepen etaazjes, dêr't sechtjin klokken hingje. Dêr boppe is oan fjouwer kanten in oerwurk oanbrocht.

De âlde Albaneesk-otterdokske katedraal moast mei de Alde Bazaar oan it ein fan de jierren 1950 ôfbrutsen wurde om plak te meitsjen foar it Sosjalistyske Kultuerpaleis. Yn 2002 waard de opdracht oan in arsjitektenburo út New-York jûn om in nije katedraal te bouwen. De boutiid duorre meiïnoar acht jier.

Yn de simmer fan 2012 waard de katedraal iepene, tagelyk mei it oplibjen fan de otterdokske tsjerke yn Albaanje en it fieren fan it 20-jierrich amtsjubileum fan Anastasios Yannoulatos, de aartsbiskop fan Tirana en hiel Albaanje .

Op 1 juny 2014 fûn de wijding fan de katedraal plak. De plegtigens waard bywenne troch de presidint fan it lân, de minister-presidint, de foarsitter fan it Albaneeske parlemint en tal fan oare bewâldslju en de haden fan ferskate otterdokske tsjerken út de hiele wrâld.[1][2]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: