Katedraal fan de Opstanning fan Kristus (Kiëv)

Ut Wikipedy
Patriargale Katedraal fan de Opstanning fan Kristus
Lokaasje
lân Oekraïne
plak Kiëv
adres Ul. Mykilsko Slobidska, 5
koördinaten 50° 27' N 30° 35' E
Arsjitektuer
boujier 2002-2013
Webside
Side fan de Oekraynske Gryksk-Katolike Tsjerke
Kaart
Katedraal fan de Opstanning fan Kristus (Oekraïne)
Katedraal fan de Opstanning fan Kristus

De Patriargale Katedraal fan de Opstanning fan Kristus (Oekraynsk: Патріа́рший собо́р Воскресі́ння Христо́вого УГКЦ) is de haadkatedraal fan de Oekraynske Gryksk-Katolike Tsjerke. De katedraal stiet yn Kiëv, de haadstêd fan de Oekraïne.

De katedraal stiet op de lofter kant fan de Dnjepr en is dêrmei ien fan de pear tsjerken fan de stêd dy't net op de rjochter kant fan de rivier steane.

De tsjerke waard boud yn it ramt fan de ferhûzing fan de sit fan it grutaartsbisdom fan Lviv nei Kiëv. De iepening fûn yn 2011 troch grutaartsbiskop Svjatoslav Sjevtsjûk plak, wylst de grutaartsbiskop op sneon 17 augustus 2013 de bûtenkant en op snein 18 augustus 2013 it ynterieur fan de foltôge katedraal ynwijde. Tûzenen pylgers út ferskate lannen wennen de wijingsplechtichheden by.[1]

Yn de 50 meter hege katedraal is plak foar likernôch 1500 minsken.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Kiev Pechersk Lavra