Springe nei ynhâld

Katedraal fan de Hillige Trije-ienheid (Tbilisi)

Ut Wikipedy
Sameba-katedraal

სამების ლავრა

Lokaasje
lân Georgje
plak Tbilisi
koördinaten 41° 41' N 44° 48' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Georgysk-Otterdokse Tsjerke
Arsjitektuer
arsjitekt Archil Mindiashvili
boujier 1995-2004
Kaart
Katedraal fan de Hillige Trije-ienheid (Georgje)
Katedraal fan de Hillige Trije-ienheid

De Trije-ienheidskatedraal fan Tbilisi (Georgysk: თბილისის წმინდა სამების საკათედრო ტაძარი), mear bekend ûnder de namme Sameba-katedraal (სამების ლავრა) is de wichtichste katedraal fan 'e Georgysk-Otterdokse Tsjerke. De katedraal stiet yn Tbilisi, de haadstêd fan Georgje, en waard boud tusken 1995 en 2004. It is ien fan 'e grutste Eastersk-Otterdokse katedralen fan 'e wrâld en fertsjintwurdiget in mingeling fan tradisjonele stylen yn 'e Georgyske tsjerke-arsjitektuer út ferskate tiden en guon Byzantynske aksinten.

Bou en skiednis

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De eardere Armeenske tsjerke dy't yn 'e Sovjet-tiid sloopt waard en ea op it plak fan 'e hjoeddeiske residinsje stie.

It idee om in nije katedraal te bouwen om it 1500 jierrich jubileum fan it autosefale karakter fan 'e Georgysk-Otterdokse Tsjerke en it 2000-jierrich jubileum fan Kristus' berte te betinken datearret fan 1989, it jier fan it nasjonale ûntweitsjen fan 'e doe noch Sovjet-republyk Georgje. Yn maaie 1989 kundigen de autoriteiten en de Georgysk-Otterdokse Tsjerke in ynternasjonale wedstriid foar it bouprojekt oan. De earste ynskriuwing levere mear as hûndert ûntwerpen op, mar der kaam gjin winnend ûntwerp. Lang om let waarden de tekeningen fan 'e arsjitekt Archil Mindiashvili keazen. De dêropfolgjende turbulinte jierren fan ûnrêst yn Georgje late ta in útstel fan seis jier en it wie net earder as op 23 novimber 1995 dat it fûnemint foar de nije katedraal lein waard.

De bou fan 'e katedraal waard útroppen ta in symboal fan 'e Georgyske nasjonale en religieuze weroplibbing. Gewoane boargers en sakelju brochten it nedige jild byinoar en op 23 novimber 2004, op 'e feestdei fan Sint-Joaris, koe de katedraal ynwijd wurde troch de katolikos Ilia II yn 'e mande mei oare fertsjintwurdigers fan otterdokse sustertsjerken út oare dielen fan 'e wrâld. Ek politike lieders en ôffurdigen fan oare religieuze mienskippen yn Georgje wennen de seremoanje by.

Op in part fan 'e lokaasje lei earder in âld tsjerkhôf fan 'e Armeenske mienskip mei de namme Khojavank. Op it tsjerkhôf stie ea ek in Armeenske tsjerke, mar dy wie al yn 'e Sovjet-tiid yn opdracht fan Lavrenti Beria sloopt. Ek de measte grêfstiennen en monuminten waarden doe fernield en sûnder de grêven te romjen waard fan it tsjerkhôf in parkje makke. Op it plak fan 'e grêven waard de residinsje fan 'e patriarch fan 'e Georgysk-Otterdokse Tsjerke boud. It feit dat de minsklike resten as hûssmoargens oerbrocht waarden nei it stoart fan 'e stêd feroarsake in skandaal. Neffens tsjûgen waarden tusken it pún minsklike bonken en grêfstiennen yn kypweinen fuortbrocht en wat foel bleau gewoan lizzen.

De katedraal waard boud op 'e Elía-heuvel yn 'e histoaryske wyk Avlabari yn Ald-Tbilisi. De tsjerke is ûntwurpen yn in tradisjonele Georgyske styl, mar dan mei in hegere fertikale foarm. Der binne guon minsken dy't it bouwurk ferhúnje, mar oaren bejubelje de tsjerke. De katedraal is yn 'e foarm fan in krús boud, mei in koepel oer in krusing dy't op acht pylders rêst. De koepel wurdt bekroand mei in 7,5 meter heech verguld krús.

De katedraal bestiet út njoggen kapellen (kapellen ta eare fan 'e aartsingels, Jehannes de Doper, Sint-Nina, Sint-Joaris, Sint-Nikolaas, de Tolve Apostels en Alderheljen); fiif fan dy kapellen lizze yn it grutte ûndergrûnske diel fan 'e katedraal. It totale oerflak fan 'e katedraal, ynklusyf de lange narteks, is 5.000 kante meter, de hichte fan 'e katedraal fan 'e grûn oant de top fan it krús is 105,5 meter.

It hiele kompleks bestiet njonken de katedraal û.o. ek út in frijsteande klokketoer, de residinsje fan 'e patriarch, in kleaster, in seminaarje en in teologyske akademy.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Holy Trinity Cathedral of Tbilisi