Katedraal fan de Hillige Nikolaas (Jerevan)
Nikolaaskatedraal Николаевский собор | ||
Lokaasje | ||
lân | Armeenje | |
plak | Jerevan | |
adres | Shahumyanplein | |
koördinaten | 40°10'N 44°30'E | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1910 | |
sloopjier | 1931 | |
Kaart | ||
De Nikolaaskatedraal (Russysk: Николаевский собор; Armeensk: Սուրբ Նիկոլայ Մայր եկեղեցի (Surb Nikolay Mayr yekeghets'i)) wie in Russysk-otterdokse katedraal yn Jerevan, Armeenje. De katedraal waard yn 1910 boud en al nei ienentwintich jier ferneatige. De katedraal stie op it plak fan wat hjoeddedei it Shahumyanplein (doedestiids it "Plein fan de Katedraal") is yn it Kentron-distrikt fan Jerevan.
De tsjerke waard yn opdracht fan de Sovjet-autoriteiten ferneatige. In monumint foar de bolsjewist Stepan Shaumian folle it lege plak op.
Yn 2001 besocht de otterdokse patriarch Aleksi II Armeenje. De patriarch kundige doe de bou fan in nije otterdokse tsjerke yn Jerevan oan. Foar dat doel soe it Armeenske regear lân beskikber stelle.[1]. De nije tsjerke waard boud oan 'e Admiral Isakov Avenue yn it Malatia-Sebastiadistrikt en yn 2017 oan it Hillich Krús wijd.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|