Katedraal fan Us-Leaffrouwe fan de Berch Karmel (Jolo)

Ut Wikipedy
Us-Leaffrouwe fan de Berch Karmel

Catedral de Nuestra Señora del Carmen

bouwurk
It ynterieur nei de oanslach
It ynterieur nei de oanslach
lokaasje
lân Filipinen
regio Autonomous Region in Muslim Mindanao
plak Jolo
bysûnderheden
type bouwurk Katedraal
boujier 1864

De Katedraal fan Us-Leaffrouwe fan de Berch Karmel of gewoanwei de Katedraal fan Jolo is in roomsk-katolike katedraal fan Jolo, Sulu en de sit fan it Apostoalysk Fikariaat fan Jolo. De katedraal stiet op it fulkanyske eilân Jolo yn de provinsje Sulu fan de autonome regio ARMM (Autonomous Region in Muslim Mindanao) op de Filipinen. De katedraal waard boud yn 1864[1] en is wijd oan de Jongfaam Marije en draacht de namme "Us-Leaffrouwe fan Karmel".

Oanslaggen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De katedraal helle op 27 janewaris 2019 it wrâldnijs troch bomoanslaggen. De earste eksploazje fûn plak yn 'e tsjerke doe't in drok besochte misse krekt ôfrûn wie, de twadde eksploazje barde foar de tsjerke, doe't it leger help kaam bieden. Troch de oanslach ferstoaren 20 boargers en soldaten en rekken mear as 100 ferwûne. Islamityske Steat easke de ferantwurdlikens fan de oanslach op.[2][3]

In Yndonesysk pear fierde de oanslach út. Earder wie dat pear nei it weromkommen fan harren reis nei Syrje troch de Yndonesyske autoriteiten oanholden en ferplichte diel te nimmen oan in deradikalisaasje-programma.[4].

De skea waard neitiid ferholpen en yn july 2019 waard de restaurearre katedraal op 'e nij konsekrearre.[5]

It wie net de earste kear dat katedraal troffen waard troch in oanslach. Yn 2010 ekplodearre in granaat flak foar de katedraal, dy't nei de tombes fan twa eardere biskoppen smiten waard. Dat barde doe flak foar't de misse opdroegen waard, sadat der gjin slachtoffers foelen. In pear moanne letter eksplodearre yn 'e jûn om healwei tsienen op 'e nij in granaat foar de katedraal. Ek doe wie de skea noch allinne materieel, der wiene fierder gjin slachtoffers.[6][7][8]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: