Springe nei ynhâld

Katedraal fan Cavan

Ut Wikipedy
Katedraal fan Clonfert

Cavan Cathedral

bouwurk
lokaasje
lân Ierlân
plak Cavan
bysûnderheden
type bouwurk Katedraal
boujier 1938-1942
arsjitekt W.H. Byrne & Son
boustyl Neoklassisime
oare ynformaasje
kosten £ 209,000
offisjele webside
www.kilmorediocese.ie

De Katedraal fan Sint-Patrick en Sint-Felim (Ingelsk: Cathedral of Saint Patrick and Saint Felim; ek bekend ûnder de namme Cavan Cathedral) is in roomsk-katolike katedraal yn it Ierske Cavan. It is de sit fan de biskop fan Kilmore en de wichtichste tsjerke fan it roomsk-katolike bisdom Kilmore.

It bisdom Kilmore waard troch de Italjaanske kardinaal Giovanni Paparoni op de synoade fan Kells yn 1152 stifte. Yn 1454 krige de âlde tsjerke fan Kilmore, dy't yn de 6e iuw noch troch de hermyt Felim stifte wie, fan paus Nikolaas V tastimming om de katedraal fan bisdom Kilmore te wurden. De tsjerke waard op 'e nij boud en krige de Ierske namme An Chill Mhór (Grutte Tsjerke), dy't yn it Ingelsk Kilmore waard en de namme oan it bisdom joech.

Nei't de reformaasje ynfierd waard de katedraal oerdroegen oan de Church of Ireland. De Anglikanen lieten yn de 19e iuw njonken de âlde katolike tsjerke in nije katedraal bouwe en de âlde tsjerke waard nei de foltôging fan de nijbou in parochyseal.

Foar mear as 300 jier hie de roomsk-katolike tsjerke nei de reformaasje sels gjin offisjele katedralen. De parochytsjerke fan Cavan krige dy status pas yn 1862, doe't biskop James Brown (1829-1865) de tsjerke fergrutsje liet .

De hjoeddeiske katedraal waard as ien fan de lêste katedralen boud nei de weach fan nije katedralen sûnt de jierren 1850 yn 1938 boud. Arsjitekten wiene W.H. Byrne & Son. De totale kosten fan de bou bedroegen £ 209,000. Yn 1942 waard de foltôge nijbou oan de Ierske hilligen Patrick en Felim wijd. De tsjerke krige yn 1994 noch seis nije brânskildere ramen fan Harry Clarke.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]