Katôba (taal)

Ut Wikipedy
Katôba
algemien
oare namme(n) Catawba, Cataba
lânseigen yn Feriene Steaten
tal sprekkers (útstoarn, foàr 1960)
skrift Latynske alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Sûaansk
   ● Eastsûaansk
      ● Katôba
dialekten Santy e.o.
taalkoades
ISO 639-3 chc

It Katôba (Ingelsk: Catawba, útspr.: [kǝ'tɔ:bɑ]), inkeld ek wol Kataba (Ingelsk: Cataba, útspr.: [kǝ'ta:bɑ]) is de lânseigen taal fan 'e Katôba, in Yndiaansk folk út 'e súdeastlike Amerikaanske steat Súd-Karolina. It is ien fan twa talen, beide útstoarn, dy't tegearre de Eastsûaanske groep fan 'e Sûaanske talen foarmje.

Dy klassifikaasje datearret fan 1881, doe't de taalkundige Albert Samuel Gatschet de Katôba besocht en in grutte wurdlist opstelde dy't withoefolle oerienkomsten mei de Westsûaanske talen sjen liet. Fierder ûndersyk troch Gatschet, Horatio Hale, James Mooney en James Owen Dorsey brocht oan it ljocht dat ferskate oare stammen út deselde krite (it heuvelige foarlân fan 'e Appalachen yn Súd-Karolina), ek Sûaanske taalfoarmen sprieken, wêrfan't de measten beskôge waarden as dialekten fan it Katôba. Taalkundich bewiismateriaal en archeologyske fynsten wize derop dat alle Sûaanske folken wierskynlik harren oarsprong yn dit gebiet fine.

Neffens de taalkundewebside Ethnologue is de lêste persoan dy't it Katôba as memmetaal hie, ferstoarn foàr 1960. Men wol wol hawwe dat dy persoan it Katôba-opperhaad Samuel Taylor Blue wie, dy't yn 1959 stoar, mar dat is net alhiel wis. "Reade Tongerwolk" ("Red Thunder Cloud"), in man fan Afro-Amerikaansk komôf dy't berne wie as Cromwell Ashbie Hawkins West, fette al ier yn syn libben in fassinaasje op foar alles dat mei de Yndianen te krijen hie. Hy omearme in fiktive Yndiaanske identiteit en makke yngeand stúdzje fan ferskate Yndiaanske talen. Oant syn ferstjerren, yn 1996 hold er fol dat hy de lêste wie dy't it Katôba floeiend spriek. It is ûndúdlik oft dat ek sa wie, mei't guon foaroansteande fertsjintwurdigers fan wittenskiplike fermiddens him as in bedrager beskôgje. Op 't heden krewearje de Katôba om harren taal nij libben yn te blazen.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.