Kastiel fan Tarradale
Appearance
It Kastiel fan Tarradale (Ingelsk: Tarradale Castle) wie in kastiel dat deunby it doarp Muir of Ord stie, yn 'e Skotske Heechlannen, op it Swarte Eilân (eins in skiereilân), oan 'e noardkust fan Skotlân. Yn 1308 waard dizze fêsting ûnder de Earste Skotske Unôfhinklikheidsoarloch ynnommen troch kening Robert I fan Skotlân, dy't it kastiel neitiid ferrinnewearje liet. Tsjintwurdich is der neat mear fan oer, en sels de persize lokaasje fan is ûnbekend. Men ornearret lykwols dat it Kastiel fan Tarradale noardwestlik fan it hjoeddeistige lânhûs Tarradale House stien hawwe moat.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Citations, op dizze side. |