Kastiel fan Falaise
| Kastiel fan Falaise Château de Falaise | ||
| Lokaasje | ||
| lân | ||
| regio | ||
| departemint | ||
| plak | Falaise | |
| koördinaten | 48°53' N 0° 12' E | |
| Skiednis | ||
| boujier | 12e iuw | |
| Oars | ||
| monumintale status | ||
| Kaart | ||
It Château de Falaise is in kastiel yn 'e Frânske gemeente Falaise. Sûnt 1840 is it in beskerme histoarysk monumint. Willem de Oermasterer, de soan fan hartoch Robert fan Normandje, waard yn 1028 berne op itselde plak yn in earder kastiel. Willem oermastere Ingelân en waard kening. It besit gyng op syn erfgenamen oer oant it yn 'e 13e iuw ynnommen waard troch kening Filip II Augustus fan Frankryk.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It hjoeddeiske kastiel datearret fan 'e 12e-13e iuw. De bou waard mei de bou fan de grutte donjon yn 1123 útein set troch Hindrik I Beauclerc. De toer út it earste fearn fan 'e 12e iuw bestie út in hal (aula), in kapel (capella) en in keamer (camera) foar de kastielhear, alletrije op 'e earste ferdjipping. It is de grutste toer fan 'e trije en wurdt dêrom grand donjon neamd.
Hindrik II Plantagenet liet in twadde donjon tafoegje. Lykas de grand donjon waard ek dy toer mei in rjochthoekich grûnplan boud, mar dan wol folle lytser. Dêrom krige dy toer de namme petit donjon.
Mei de bou fan 'e tredde toer, de tour Talbot, waard troch de Frânske kening Filips II yn 1207 útein set nei't er Normandje oermastere hie. Dy toer waard yn 'e Hûndertjierrige Kriich ferneamd nei de Ingelske kommandant Talbot, dy't de toer renovearje liet. It is in lange rûne toer fan itselde ûntwerp as de tuorren dy't boud wiene foar it kastielen fan Gisors en it midsiuwske Louvre. It besit wiksele ferskate kearen yn 'e Hûndertjierrige Kriich.
Yn 'e 17e iuw waard it kastiel ferlitten. Sûnt 1840 is it kastiel in histoarysk monumint en tusken 1870 en 1874 folge in restauraasjeprogramma. Yn augustus 1944 rekke it kastiel by bombardeminten skeind, mar de trije donjons bleaune sparre.
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Château de Falaise fan Wikimedia Commons. |