Springe nei ynhâld

Kastiel 't Kerckebosch

Ut Wikipedy
Kastiel 't Kerckebosch
efterkant Kastiel
Koetshús kastiel 't Kerckebosch

Kastiel 't Kerckebosch stiet oan de Arnhemse Bovenweg yn Seist en waard boud yn 1904. It hûs is tagonklik foar oernachtingen, gearkomsten, troulokaasje en diners.

Yn 1904 jout Jonker Lintelo de Geer opdracht op it lângoed ’t Kerckebosch by Seist in bûtenhûs yn de yn tiid populêre (neo)goatyske styl op te lûken. De jonkhear hat in grutte kolleksje antike gebrûksfoarwerpen en ornaminten; meast frijkomd by restauraasjes fan tsjerken, kleasters en kastielen yn de direkte omjouwing. Se wurde by de bou tapast en jouwe oant hjoed de dei it kastiel ’t Kerckebosch in eigen, autentike sfeer. Yn dit hûs binne meardere boustilen werom te finen. Foar de haadyngong waard gebrûk makke fan in lytse renêssânse poarte, mei derboppe in sânstiennen balke, mei dêrop "Anno 1620". De ôfkomst is net mear goed nei te gean.

Arsjitektuer wie de grutte hobby fan de jonkhear en troch tips fan de bruorren Becker, antikêrs te Seist, wist hy oan in soad âlde materialen te kommen. It hûs hat in fjouwerkante toer mei kantelen en in tintdak, mar dêrneist ek in soad tsjerklike en goatyske ûnderdielen. It slagge him sels twa tige âlde dioarren te besetten út de Dom fan Utert. Op de stiennen trijehoek boppe de yngong stiet in byldsje fan David mei de ôfhoude holle fan Goliath yn de linker hân. Der waarden glês-yn-lead ramen mei religieuze ôfbyldingen oanbrocht. Wynwizers, daknokfersierings, smeiïzeren lantearnen, op it tichtbysteande koetshús in gevelstien mei de evangelist Marcus derop, klassike túnornaminten en sels in iepen hurd mei skou út in achttjinde iuwsk Amsterdamse greftehûs, dy't yn de oranjery ferwurke waard. Boppe de yngong sit ek noch it wapen fan de famylje De Geer: de eftergrûn bestiet út ruten (ofwol yn heraldyske taal 'gearen') mei dêrûnder de spreuk 'Non Sans Cause' ( Net sûnder oarsaak ).

Yn 1947 waard it hûs ferkocht, om der in hotel-restaurant fan de Bilderberg Hotels en Restaurants yn te fêstigjen, wêrby't it ynterieur oan de nije bestimming oanpast waard.

  • 1904 Jonkhear Egbert Lintelo de Geer
  • 1947 hotel-restaurant

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: