Springe nei ynhâld

Karl-Maria Kertbeny

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Karl Maria Kertbeny)
Kertbeny as jongkeardel

Karl-Maria Kertbeny of Károly Mária Kertbeny (berne Karl-Maria Benkert) (Wenen, 28 febrewaris 1824Boedapest, 23 jannewaris 1882) wie in Hongaarsk-Eastenryksk skriuwer, sjoernalist en oersetter. Hy is op it heden ferneamd meidat er de wurden homoseksualiteit en heteroseksualiteit betocht hat en dy yn 1869 yn twa brosjueres brûkt hat.

De famylje Benkert ferhuze nei Boedapest doe't er noch in bern wie. Hy fielde him likegoed thús yn Eastenryk, Dútslân as yn Hongarije. De Hongaarske skriuwer en literatuerhistoarikus Lajos Hatvany hat him sa beskreaun: "Dizze humeurige, fladderjende, ûnfolmakke skriuwer is ien fan de bêste en ûnrjochtlik fergetten Hongaarske memoireskriuwers." Hy sette wurken oer fan Hongaarske dichters en skriuwers yn it Dútsk, bygelyks dy fan Sándor Petfi, János Arany en Mór Jókai. Ta syn kunde hearden Heinrich Heine, George Sand, Alfred de Musset, Hans Christian Andersen en de bruorren Grimm.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Manfred Herzer, 'Kertbenys Leben und Sexualitätsstudien', s. 7-61, yn: Karl Maria Kertbeny, Schriften zur Homosexualitätsforschung. Berlijn, Verlag rosa Winkel, 2000
  • Bernd-Ulrich Hergemöller, Mann für Mann. Biographisches Lexikon zur Geschichte von Freundesliebe und mannmännlicher Sexualität im deutschen Sprachraum, Hamburch, MännerschwarmSkript Verlag, 1998 (ensyklopedy)
  • Judit Takács, 'The Double Life of Kertbeny', s. 26-40, yn: G. Hekma (ed.), Past and Present of Radical Sexual Politics, Amsterdam, UvA – Mosse Foundation, 2004