Karl Jatho

Ut Wikipedy
Karl Jatho 1907/1908 yn syn twadekker
De Jatho-draak, in twadekker, op Vahrenwalder Heide (1907)

Karl Jatho (Hannover, 3 febrewaris 1873 - dêre, 8 desimber 1933) wie in Dútsk pionier en útfiner en amtner yn de stêd Hannover.

Fan augustus oant ein novimber 1903 makke Jatho bytsje by bytsje langere flechten mei in trijedekker, letter twadekker, op de Vahrenwalder Heide bûten Hannover. Syn earste flecht, sûnder tsjûgen, wie mar oer 18 meters op sa'n 1 meter hichte. Jatho joech doe yn 't earstoan belies, hy skreau: 'Nettsjinsteande faak besykjen, slagget it my net en meitsje langere flechten of hegere flechten. Motor swak.'.[1] Letter, mei in oare masine hie er mear súkses. Novimber 1903 helle er 60 meter op 3–4 meter hichte, ien moanne earder as de Bruorren Wright.[2]

Hy stifte teffens in fleanskoalle en fleantúchfabryk, mar dat slagge net bot.

Film[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Sorry Mister Wright – Der Flugpionier Karl Jatho. Dokumintêre, Dútslân, 2006. Regy en draaiboek: Gunter Hartung.
  • Wir waren die Ersten – Die Luftfahrt begann in Hannover. Dokumintêrefilm, Dútslân, 2009. Regy en draaiboek: Gunter Hartung.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Karl Jatho fan Wikimedia Commons.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Gibbs-Smith, C. H., The Aeroplane: An Historical Survey s. 319–20
  2. http://www.ctie.monash.edu.au/hargrave/jatho.html