Springe nei ynhâld

Kar út Twa

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Kar út twa)

'Kar út Twa' wie de earste Frysktalige stomme film út 1937. It is in leafdesdrama, ferhelle yn 45 minuten. It Ljouwerter Toanielselskip levere de akteurs. Foar de film is ûnder mear filme op de Grouster merke, de Ljouwerter feemerk en it stasjon. Gerrit Aalfs wie as kameraman by de film belutsen. De regy wie yn hannen fan Willem Hielkema.

'Kar út Twa' hat nea yn de bioskoop draaid, mar hat wol yn in soad doarpshuzen en kafees te sjen west.

Yn 1937 makke Gerrit Aalfs tegearre mei Piet Plantinga (Pietje Pil), apteker yn Ljouwert, filmopnames foar de earste Fryske spylfilm (16mm) Kar út Twa', dy't 26 desimber 1937 yn de Harmonie yn Ljouwert yn premiêre gong.
Oanlieding foar it meitsjen fan de film wie it fyftichjierrich bestean fan it Ljouwter Toaniel yn 1937. Regisseur W. Hielkema, redakteur fan it Leeuwarder Nieuwsblad, woe in film meitsje. Ien fan de grutte boerekoöperasjes, de Coöperatieve Vereniging tot Aankoop en Bewerking van Landbouwbenodigdheden voor Friesland (C.A.F.) joech tûzen gûne ta foldwaan fan de makkers. De krekt oprjochte F.Y.F. waard derby helle en de stichting 'Fryske Speelfilm' waard oprjochte.

Kar út Twa waard skreaun troch sjoernalist, dichter, toanielskriuwer en redakteur fan de Ljouwerter Krante Sybe Douwes de Jong (1897-1951). Regisseur wie redakteur fan it Leeuwarder Nieuwsblad en meihaadredakteur fan it Nieuwsblad van Friesland, Willem Hielkema (1888-1944). De filmopnames binne fan de Hârnzer tekenlearaar, fotograaf en filmer Gerrit Aalfs, de Ljouwerter apteker Piet Plantinga, de fotograaf, filmer, (foto-)sjoernalist by de Friese Koerier en dichter Johannes Doedes de Jong (1912-1996) út Aldtsjerk en sjoernalist, fotograaf en filmer Hein Faber (1904-1970) út Frjentsjer. Johannes Doedes de Jong stie ek noed foar it draaiboek. De film waard spile troch it Ljouwerter Toanielselskip, oanfold mei in tal gasten. De haadrollen yn ‘Kar út Twa’ wienen foar Hendrik Visser, de Ljouwerter ûnderwizer en lettere mei-oprjochter fan it Ynstitút Fryslân Doede Nieuwenhuis en Wietske Hoogenberg. De muzyk fan S.J. van der Molen wie los fan de film op grammofoanplaten te hearren.

Anne moat kieze út twa manlju, Redmer en Murk. Rudmer liket in minnen-ien te wêzen en komt yn de finzenis. At Rudmer dêr sit besiket Murk, dy't al langer it each op Anne hân hat, har yn te palmjen. Anne wol lykwols neat fan him witte. Letter komt út dat Murk it fee stellen hat, dêr't Rudmer earder fan beskuldige waard. Rudmer komt frij en kriget Anne, in happy end.

  • Hendrik Visser - Rudmer
  • Doede Nieuwenhuis - Murk
  • Wietske Hoogenberg - Anne
  • Jan Deelstra
  • Koop de Jong
  • Trijntje Buma
  • Meine Kaastra
  • Albert Heidstra
  • Feico Heidra
  • Harry Reusien
  • J. C. Annokee

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: