Springe nei ynhâld

Kapteyn Ynstitút

Ut Wikipedy
Kapteynborg, Zernikekompleks (2005)

It Kapteyn Ynstitút is de ôfdieling stjerrekunde fan de Ryksuniversiteit Grins. De ôfdieling húsmannet yn de Kapteynborg op it Zernikekompleks yn de stêd Grins.

It ynstitút is ferneamd nei syn oprjochter, Jacobus Cornelius Kapteyn (1851–1922). Kapteyn waard yn 1878 heechlearaar yn de astronomy en teoretyske meganika doe't der noch gjin observatoarium yn Grins bestie. Kapteyns earste "Astronomische laboratorium" waard yn 1896 iepene. Yn 1913 ferhuze it laboratoarium nei de Broerstrjitte op it terrein fan it Akadeemjegebou yn it sintrum fan de stêd. Yn 1970 ferhuze it ynstitút nei in nij gebou op it Zernikekompleks en sûnt 1983 sit it ynstitút yn it hjoeddeistich gebou, Kapteynborg, dat dield wurdt mei de ôfdieling Low-Energy Astrophysics fan SRON.

Fan 1965 oant 1995 wie der in observatoarium tichtby Roden dat de namme Kapteyn Stjerrenwacht hie. De gebouwen binne der noch, mar wurde net mear troch de universiteit brûkt.

It âlde gebou oan de Broerstrjitte fleach op 2 febrewaris 1988 yn 'e brân. It pân waard doe al hast net mear brûkt en waard dêrom net op 'e nij boud. It terrein fan it pân waard in parkearplak.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]