Springe nei ynhâld

Kapel fan Rotstergaast

Ut Wikipedy
Kapel fan Rotstergaast
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente De Fryske Marren
plak Rotstergaast
adres Skoaterwei 11
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1928

De Kapel fan Rotstergaast is de eardere herfoarme tsjerke fan Rotstergaast. It gebou docht tsjintwurdich tsjinst as doarpshûs.

Yn 1315 hie Rotstergaast twa kapellen, wêrfan't ien in tsjerke waard. De tsjerke rekke yn de rin fan de tiid brekfallich en yn de 18e iuw wie der net mear as in stienbult fan oer.

Yn 1928 krige Rotstergaast dochs wer in ienfâldich sealtsjerkje, dat yn 1986 de funksje fan tsjerke ferlear en tsjintwurdich as doarsphûs brûkt wurdt.

Achter de tsjerke leit it tsjerkhôf mei in klokkestoel.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]