Springe nei ynhâld

Kannibalisme

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Kannibalen)
Kannibalisme yn Brazylje yn 1557 fan Hans Staden

Kannibalisme, is it iten fan leden fan de eigen soarte. Almeast wurdt dêrby doeld op minske-ite of antropofagy], it troch minsken iten fan minskefleis. Kanibalisme kaam by in protte natoerfolken yn it ferline foar, al is yn ferhalen de frekwinsje fan dat brûkme by de measte fan dy folken faak ôfgryslik oerdreaun.

Foar it komôf fan 'e term "kannibalisme" tinkt men oan in ferbastering fan "Kariben", de oarspronklike, mar tsjintwurdich hast útstoarne bewenners fan 'e Karibyske eilannen, dy't yn 'e sechstjinde en santjinde iuw in beskate reputaasje as minske-iters hienen.

Der kin ûnderskie makke wurde tusken twa foarmen fan kannibalisme. Endokannibalisme is it tapassen fan kanibalsime op 'e leden fan 'e eigen groep of sels famylje, wylst eksokannibalisme, dat mear foarkaam, it tapassen fan kanibalisme op bûtensteanders is, ornaris fijannen of potinsjele fijannen.

Froulike kannibaal, troch de Dútske byldhouwer Leonhard Kern, 1650

Krekt as kopperij hie kannibalisme almeast in magysk-religieuze eftergrûn. It koe bygelyks in ûnderdiel foarmje fan in endokannibalistysk deaderitueel. Sa waard de prekristlike godstsjinst fan 'e Guaraní fan Paraguay karakterisearre troch in sterk leauwe yn werberte, dêr't seremonieel kannibalisme in grutte rol by spile. Ek koe it gean om in ekso- of endokannibalistysk offer oan 'e goaden, lykas foarkaam by de Azteken fan sintraal Meksiko. Mar faker hie it ta doel om jin beskate eigenskippen fan 'e deade ta te eigenjen of boppenatoerlike krêften te krijen. Yn Tonga, yn 'e Stille Oseaan, bygelyks, waard kannibalisme, oant 'e kristlike misjonarissen der yn de twadde helte fan de 19e iuw in ein oan makken, praktisearre om 'e krêft en snoadens fan 'e fijân oer te nimmen.

It gebiet dat lykwols it measte bekend stiet om kannibalisme en dêr't dat nei alle gedachten ek it langste bedreaun is, is Nij-Guinea. Sa stienen benammen de Anga, fan eastlik Papoea Nij-Guinea, oant 'e fyftiger jierren fan 'e tweintichste iuw ta bekend as kannibalen. Sy wurde der ûnder mear sterk fan fertocht Michael C. Rockefeller, in oarepakesizzer fan 'e ferneamde Amerikaanske oaljemagnaat John D. Rockefeller, dy't oan it begjin fan 'e sechstiger jierren fan 'e 20e iuw spoarleas yn harren omkriten ferdwûn, opiten te hawwen. En fan 'e Kim-Yal, fan sintraal West-Papoea, is bekend dat se sels noch yn 'e santiger jierren fan 'e 20e iuw kannibalisme bedreauwen.

Wittenskiplik ûndersyk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Undersyk nei kannibalisme by ratten liket oan te toanen dat it oernimmen fan it witten fan it slachtoffer wier mûglik is.

  • W. Bernhardson, Argentina, Uruguay & Paraguay, Hawthorn, 1996.
  • A. Borsboom en A. Ploeg, Stille Zuidzee, Amsterdam/DenHaach, 1992.
  • M. Eliade en I.P. Couliao, Wereldreligies in kaart gebracht, Utert, 1992.
  • J. Ferguson, Caribische Eilanden, Amsterdam/Den Haach, 1996.
  • Grote Winkler-Prins encyclopedie, Amsterdam/Antwerpen, 1979-1994.
  • N. Keller en D. Swaney, Tonga, Hawthorn, 1998.
  • A. Lipscomb, R. McKinnon en J. Murray, Papua New Guinea, Hawthorn, 1998.
  • J. Noble en oaren, Mexico, Hawthorn, 1998.
  • P. Turner en oaren, Indonesia, Hawthorn, 1997.