Keitum
Keitum Kejtum/Kairem | ||
It Friesenhaus út 1784 | ||
Polityk | ||
Lân | Dútslân | |
Dielsteat | Sleeswyk-Holstein | |
Distrikt | Noard-Fryslân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 880 (2013) | |
Oerflak | km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC+1 | |
Simmertiid | UTC+2 | |
Offisjele webside | ||
Webstee gemeent Sylt |
Keitum (Deensk: Kejtum, Noard-Frysk: Kairem) is in doarp op it eilân Söl yn it distrikt Noard-Fryslân yn Sleeswyk-Holstein, Dútslân. It is no in Ortsteil fan de Gemeente Sylt.
Etymology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It is net dúdlik wêr't de namme Keitum (Kairem, Kejtum) fan ôflaat is. Ien teory seit dat de namme ferwiisd nei "hiem fan Kei(t)". It soe ek kinne dat Keitum fan "Heidum" komt ('op de heide').
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2013 hie Keitum in fêste befolking fan sa'n 880 minsken. Nochris 900 persoanen hawwe in twadde wente yn it doarp.
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lykas ek oare plakken op Söl is toerisme de wichtichste ekonomyske faktor. Sûnt 1950 mei it doarp him Luftkurort neame. Keitum is bekend om syn grut tal tradisjonele huzen, dêr't in protte fan mear as 200 jier âld binne, en syn leanen mei beammen. De oarspronklike ipebeammen giene dea yn de 90-er jierren, mar waarden ferfongen troch kastanjebeammen en linebeammen. Fierder sitte der in protte ambachtslju yn Keitum (edelsmeden, wevers en pottebakkers).
-
De Sint Severin fan Keitum (12e iuw)
-
It stasjon
-
It megalitegrêf Harhoog by Keitum
Berne yn Keitum
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Nann Peter Mungard (1849-1935), Noardfrysk taalwittenskipper. Heit fan Jens Emil Mungard.
- Jens Emil Mungard (1885-1940), Noardfrysk dichter
- Boy Lornsen (1922-1995), Dútsk byldhouwer en berneboekeskriuwer
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|