Kaapske Bosken
De Kaapse bosken is in 425 hektare grut bosk by Doorn op de Utertse Heuvelrêch yn de provinsje Utert, eigendom fan Natoermonuminten. Der is in útsjochtoer, in teehûs en inkele bysûndere bûtens.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De hichten dêr't de Kaapse bosken op lizze binne foarme troch it skowende iis yn de iistiid. It gebiet kaam ± 1750 yn besit fan de family Van Swellengrebel, dy't út de Kaapkoloanje yn Súd-Afrika kaam. Omdat de bosken harren tinken dienen oan de Kaapstreek waarden it de Kaapse bosken neamd. De earste leanen binne troch de family Van Smellengrebels oanlein. Letter, yn 1850 hat de family Van der Lee it gebiet mear foarmjûn troch mear beammen oan te plantsjen. Dy beammen wienen foar houtproduksje en om it gebiet oantreklik te meitsjen foar kuierders. Wa't yn dy tiid de bosk yn woe moast derfoar betelje.
Natoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de bosk fan mear as hûndert jier âld is in grutte fariaasje yn floara en fauna wurdt in soad wannele. Der binne spoaren fan âlderwetske boskoanplant, mar ek plakken dy't min ofte mear natoerlik binne. Dat is uteinlik de bedoeling fan Natoermonuminten. Benammen hoalebrieders profitearje fan de âlder wurdende bosk. Spjochten en boskûle hawwe in plak fûn. Dêrfan profitearret de beamotter dy't de âlde spjochtehoalen brûkt.
Utsjochtoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It útsjoch fan de fernijde toer yn de Kaapske bosken is spektakulêr. De yn 2006 folslein fernijde útsjochtoer is opboud út metalen segminten dy't beklaaid binne mei panielen fan larikshout út de Kaapse bosken. De toer is 25 meter heech en by helder binne Amersfoort en Utert te sjen.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Kuierders
-
Bosk
-
Iepen lân by de Helenahichte
-
Ierdmûs