Kâlde Mage
Appearance
De Kâlde Mage is in mar yn de gemeente De Fryske Marren. De mar stiet yn ferbining mei de Terhernster Puollen en it Krúswetter. Oan de poel leit it eilân de Brouwers Acht en lâns de Skinkepôle is der ferbining mei de Terkaplester Puollen. Oan de noardside leit it eilân Grutsân mei dêrefter de Meinesleat.
De namme Kâlde Mage jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Koude Maag.