Just Around the Corner

Ut Wikipedy

Just Around the Corner is in nûmer fan de Amerikaanske band Cock Robin út 1987. It is de earste single fan harren twadde studio-album After Here Through Midland.

It nûmer hie yn Amearika net sa’n sukses, mar yn Jeropa waard it in lytse hit. Yn Nederlân waard de plaat in soad draaid op Radio 3 en it nûmer kaam op de njoggentjinde posysje yn de Nederlânske Top 40 en op de fjirtjinde posysje yn de Nasjonale Hitparade Top 100. Yn Belgje kaam de plaat op de alfde posysje yn de Flaamske Radio 2 Top 30.