Springe nei ynhâld

Jotto

Ut Wikipedy
Jotto scoreblêd

Jotto (of Giotto) is in koade-brekkend pin-en-papier wurdspultsje foar twa spilers. Elke spiler kiest en skriuwt in geheim wurd en besiket as earste it wurd fan de oare te rieden yn syn beurt.

Elke spiler kiest in geheim wurd fan fiif letters en skriuwt it foar himsels op. Wurden moatte yn in wurdboek stean; eigennammen binne oer it generaal net tastien. It doel fan it spul is om as earste it wurd fan de oare spiler te rieden.

Spilers wikselje elkoar ôf: at in spiler oan de beurt is, gokt er in wurd fan fiif letters en de oare spiler moat sizze hoefolle letters fan dat gokte wurd oerienkomme mei in unike letter yn syn geheime wurd. Bygelyks, as it geheime wurd LJURK is en de gok is TSJIL, dan komme de L en J yn LJURK oerien mei in L en in J yn TSJIL, dus it oankundige resultaat is "2". (Letters hoege net op deselde posysje te stean.) By de folgjende beurt draaie de spilers de rollen om. Spilers hâlde op papier by wat se gokke, troch de letters fan it alfabet troch te streekjen dy't (troch deduksje) net yn it geheime wurd fan 'e tsjinstanner stean kinne. Uteinlik hat in spiler genôch ynformaasje om te winnen troch de goede gok te dwaan.

Jotto waard betocht yn 1955 troch Morton M. Rosenfeld en útbrocht troch syn yn New York festige Jotto Corp. Yn de jierren '70 fan de tweintichste iuw gie it auteursrjocht oer nei de Selchow en Righter Company. It waard letter makke troch Endless Games.

  • De meast foarkommende fariant brûkt wurden mei fjouwer letters ynstee fan fiif letters.
  • Spilers moatte foar it spyljen ôfprate oft yn de geheime wurden dûbele letters stean meie.
  • Seis-Letter (soms 'Word Master Mind' neamd, hoewol't it troch de logyske ynhâld fier boppe Master Mind en Jotto stiet). Eltse spiler kiest in geheim 6-letter wurd en se riede beurten de oare syn wurd. Geheime wurden (soms 'doelen' neamd) en gokte wurden moatte allegear echte wurden wêze dy't yn in goed wurdboek steane. At in wurd ret wurdt, kin útfûn wurde hoefolle letters krekt oerienkomme. Dus as de gok SPIKER is en it geheime wurd is WOARST, dan is it antwurd 0 (omdat de R en S op it ferkearde plak steane). Noch mear as Jotto, wurdt by dit spultsje feardichheden yn logysk kombinearjen frege en thús wêze yn it wurdboek. De namme fan it likense kompjûterspul is Sixicon by Island Software, 1979.
  • Fiif-Letter, lykas Jotto, easket spilers om beurten it fiif-letter wurd fan in tsjinstanner te rieden. Krektas Seis-Letter, jouwe de antwurden allinich it oantal krekte oerienkomsten oan. As KOART ret wurdt en it geheime wurd is KLEAR, dan is it antwurd 1 - de K is in krekte oerienkomst, mar de A en R net. In sterke strategy foar Fiif-Letter is om de middelste trije posysjes (2, 3 en 4) oan te fallen mei lûden.
  • It telefyzjespulprogramma Lingo bestiet foar in grut part út dielnimmers dy't in fariant fan Jotto spylje. Yn Lingo wurdt de spiler ferteld hokker oerienkommende letters yn 'e goede posysje steane en hokker op' e ferkearde posysje. Ynstee dat de dielnimmers de wurden kieze, wurde se keazen troch de show en meie dielnimmers mar in beheind oantal kearen riede.
  • Kane Jotto is yn foarm fan multy-spiler Jotto. Elke spiler hat in geheim wurd, krektas yn it orizjinele spul. Elke omloop is ferdield yn twa dielen en elke spiler neamt it oantal letters dat syn of har geheime wurd mien hat mei de gok. De winner riedt de geheime wurden fan alle spilers goed.
  • Trije-Letter Jotto wurdt spile sûnder potlead en papier. Om it spul net al te dreech te meitsjen, omdat it hielendal út ‘e holle dien wurde moat, leverje allinnich krekte oerienkomsten punten op.
  • Wordle - in ferlykber webspultsje út 2021
  • Mastermind - in ferlykber spul mei kleure pintsjes

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dit is in oersetting fan de Ingelske Wikipedia fan 4 maaie 2024
  • Jotto — krekte spulregels
  • Wurkjende ferzje fan Jotto — Brûkt 5 letters, dûbelde letters binne net tastien