Springe nei ynhâld

Joop Donkervoort

Ut Wikipedy

Joop Donkervoort (22 augustus 1949) is in Nederlânske sakeman en de oprjochter fan Donkervoort Automobielen. [1]

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Donkervoort woe oarspronklik nei de Keunstakademy, mar op oanstean fan syn heit, direkteur fan in technysk bedriuw dat ûnder oare manometers makke, gie er nei de MTS yn Rotterdam om wurktúchboukunde te studearjen. Dêrnei studearre er oan it Ynstitút foar de Autohannel en rûn in skoft staazje yn Frankryk by DAF.

Yn Nederlân wurke er in skoft by autogurdlefabrikant Dynasafe. Ek wurke er by Renault as service-ynspekteur. Yn syn frije tiid wurke er graach oan it ferbetterjen fan de Lotus Seven. Nei in skoftke kocht er de ymporteur fan de Lotus Seven, mar dat die bliken in miskeap te wêzen, omdat de Lotus Seven noch gjin typekeuring foar Nederlân hie, en sadwaande yllegaal wie. Der moast hieltyd jild by it projekt, dat er fan syn heit krige, of troch syn hypoteek te ferheegjen. Troch ferbetteringen oan it model krige er úteinlik om 1973 hinne in typekeuring fan de RDW en begûn er de auto sels as boupakketten te leverjen. Dêr ûntstie syn eigen merk: Donkervoort Automobielen

Hy iepene it earste fabryk yn Tienhoven. Yn 1995 ried Donkervoort sels mei yn de troch him oprjochte race foar de Donkervoort cup. Doe't útwreiding nedich wie, ferhuze it fabryk nei Loosdrecht. It fabryk Donkervoort sit sûnt 2000 yn Lelystêd.

Joop Donkervoort stapte yn jannewaris 2021 op as eigner fan it bedriuw Donkervoort, en joech it eigendom oan syn soan Denis.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: