Joop Dikmans
Joop Dikmans | ||
akteur | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Johannes Petrus Maria Dikmans | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 31 jannewaris 1930 | |
berteplak | Rotterdam | |
stoarn | 15 desimber 2022 | |
stjerplak | Hearhugowaard | |
offisjele webside | ||
IMDb-profyl TMDB-profyl |
Johannes Petrus Maria (Joop) Dikmans (Rotterdam, 31 jannewaris 1930 – Hearhugowaard, 15 desimber 2022) wie in Nederlânsk clown en akteur. Hy wie benammen bekend as dôve boef B2 út de Bassie en Adriaan-rige. Hy waard soms oantsjut as Joep(ie).
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dikmans brûkte as bern tegearre mei syn broer Harry Dikmans de clownskostúms fan syn heit, de keunstskilder en akteur Gerard Dikmans.
Fan ein jierren '40 oant ein jierren '80 fan de tweintichste iuw trede er geregeld op yn Nederlânske en Belgyske sirkussen as clown ûnder de namme Handy Fool, ûnder oare by Circus Renz.
Yn de telefyzjesearje Bassie en Adriaan hie er de rol fan de dôve boef B2 oernommen fan syn broer Harry Dikmans dy't nei Argentynje ferfearn wie. Hy spile mei yn de folgjende Bassie en Adriaan-riges:
Joop Dikmans ferstoar yn 'e sliep op 15 desimber 2022, yn 'e aldens fan 92 jier oan de gefolgen fan demintens.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dikmans wie widner en hie in soan en in dochter. Syn frou, sjongster Trudy Dilé dêr 't er ek mei optrede, ferstoar nei hast fyftich jier houlik. Nei it ferstjerren fan Dilé wie Dikmans yn de lêste jierren fan syn libben tige op himsels. [1][2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|