Johfra
Johfra, werklike namme: Franciscus Johannes Gijsbertus van den Berg (15 desimber 1919, De Haach - 6 novimber 1998, Fleurac, (Dordonje)), wie in Nederlânsk keunstskilder, dy't fan 1964 oant syn dea yn 1998 yn Frankryk libbe en wurke hat.
As skilder waard Johfra by it grutte publyk benammen bekend troch de 12 Zodiak-posters dy't er yn 1973 yn opdracht fan Verkerke Reproduksjes makke. Hy skildere, krektsas syn earste frou Angèle Thérèse Blomjous (better bekend as Diana Vandenberg), yn de tradysje fan it magysk surrealisme mei in soad symbolyk en ûnder tapassing fan de ambachtlike skildertechnyk fan de âlde masters. Hoewol't de keunstkrityk net ynteressearre wie yn Johfra wurdt syn wurk in soad samle. Hy ferstoar ein 1998 oan de gefolgen fan termkanker.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|