Springe nei ynhâld

Sint-Jehanneswâld

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Johanneswâld)

Sint-Jehanneswâld wie in earder doarp dat mei Eslawâld om 1500 gearfoege is ta Feanwâlden. Sint-Jehanneswâld wurdt al neamd yn in oarkunde fan 4 juny 1372. Dêryn wurdt neamd dat Siardus Tiabkama en syn frou Witeka in grut stik fean yn Sint-Jehanneswâld oan God en it kleaster Klaarkamp joegen.

De hjoeddeiske tsjerke fan Feanwâlden út 1648 stiet op it stee fan de midsiuwske tsjerke fan Sint-Jehanneswâld.