Johann Salomon Wahl

Ut Wikipedy
Selsportret, Statens Museum for Kunst, 1755

Johann Salomon Wahl (Chemnitz, 1689 - Kopenhagen, 5 desimber 1765) wie in Dútske keunstskilder dy't hofskilder waard yn Denemark.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hy folge syn skildersoplieding tusken 1705 en 1711 by David Hoyer (1667-1720 ), de hofskilder yn Leipzig. Dêrnei fêstige er him yn Hamburg, dêr't er wurke as portretskilder oan it hof fan it Hartochdom Holstein. Yn 1719 waard er nei Denemarken roppen om foar de Deenske keninklike famylje te wurkjen.

Doe 't Kristiaan VI yn 1730 op de troan kaam, waard Wahl oansteld as hofskilder. Yn 1737 naam er it behear fan de Keninklike Kolleksje oer. Yn 1744 waard er earelid fan de Accademia di Belle Arti di Furenze.

Hy wie ien fan de earste Noardlike keunstners dy't de nije Frânske stilen fan portretskilderjen tapasten, wêrby't de klam mear lei op immens posysje yn de maatskippij as op harren persoanlikheid. By portretten fan minsken bûten de adel brûkte er oer it algemien in frijere styl.

Ien fan syn learlingen wie de Dútske skilder Nicolaus Georg Geve.

Galery[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Altona Museum: The King's School speaks Latin. 250 years Christianeum 1738–1988. Utstallingskatalogus, Hamburg 1988, kat nû. 19, s. 132 en folgjenden