Johann Georg Ramsauer
Johann Georg Ramsauer (Hallstatt, 7 maart 1795 — Linz, 14 desimber 1874) wie in Eastenryksk mynbouwer, dy't as amateur-archeolooch yn 1846 as earste de grêffjilden fan de Hallstatt-kultuer ûntduts en bleatlei.
Wurkpaad
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ramsauer waard oplaat ta mynwerker (foar de saneamde 'manipulaasje' fan sâltminen middels eksplosiven) en wurke him omheech yn de hiërargy, oant er op syn 36ste de rang fan Bergmeister krige. Doe't er novimber 1846 op de skeanten fan it Dachsteinmassyf boppe Hallstatt in stiengroeve iepene, stjitte er op in ûnbekend grêffjild.
Tegearre mei mynwerker Isidor Engl, dy't sketsen makke, lei Ramsauer sekuer alle fynsten fêst. Al yn 1846 doopte de Sweedske ûndersiker Hans Hildebrand de nij ûntdutsen beskaving Hallstatt-kultuer. Yn de rin fan de neifolgjende 17 jier waarden 980 grêven iepene en goed 19.497 grêfjeften berge.
Nettsjinsteande de wittenskiplike opteinens dy't de fynsten feroarsaken, krige Ramsauer as immen sûnder archeologyske oplieding nea de erkenning dêr't as wittenskipper rjocht hawwe hân soe. Keizer Frans Jozef I fan Eastenryk en Keizerin Elisabeth besochten persoanlik it fynplak, mar de keizer makke gjin wurk fan Ramsauer syn fersyk yn 1859 om syn opgravingsprotokollen út te jaan.
Ramsauer gie 5 novimber 1863 mei pinsjoen nei Linz, oertsjûge dat er wie dat it fynplak leechhelle wie. Dochs waarden oant 1939 nije ûntdekkingen dien. It Natuerhistoarysk Museum Wenen sette yn 1994 fannijs útein mei de opgravingen.
Ramsauer troude trijeris en krige 22 bern. Syn oarspronklike sketsen en oantekeningen binne foar it grutste part te besjen yn it museum fan Hallstatt.
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- M. Perltwieser - H. Zapfe, 'Ramsauer Johann Georg', yn: Österreichisches Biographisches Lexikon 1815-1950, band 8. Verlag der Österreichischen Akademie der Wissenschaften, Wenen 1983, ISBN 3-7001-0187-2, p. 409.