Johan van der Veen
Johan van der Veen (Dokkum, 15 augustus 1981) wie de sjonger út Wergea dy't mei Mirjam Timmer Twarres foarme. Hy wûn mei syn jeugdfreondinne Mirjam yn 1999 de twadde priis en de publykspriis fan it Sjongfestival Liet, mei it ferske Wêr Bisto. Fan dit nûmer mocht as priis in single opnomd wurde. De single kaam op 10 july 2000 út, en helle in notearring ûnderyn de Mega Top 100.
Ein 2003 besluet it twatal út elkoar te gean. Johan van der Veen hat dêrnei in administrative baan fûn.
Ataksy fan Friedreich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Letter die bliken dat Johan de erflike spiersykte Ataksy fan Friedreich hat, in sykte dy't net oerbetterje kin en dy't alle spieren ôfstjerren docht. Der binne gjin medisinen foar.[1]
Yn it EO-programma Hoe is het toch met... fan Bert van Leeuwen ferhelje Mirjam en Johan yn 2011 wiidweidich oer harren súkses en de sykte fan Johan. Johan wennet mei syn man Vincent yn Wergea.[2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|