Joan Osborne

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Joan Osborne, 2009

Joan Elizabeth Osborne (Anchorage (Kentucky), 8 july 1962) is in Amerikaansk singer-songwriter, fral bekend fan har hit One Of Us.

Yn 1980 ferliet se har berteplak Anchorage yn Kentucky (no in foarstêd fan Louisville) en ferfarre nei New York City. Dêr rjochte hja in eigen platelabel op, Womanly Hips, en brocht in tal singles út. Letter liet sy har ynskriuwe by Mercury Records. Osborne har twadde (en it earste dat in namme hawwe mocht) album wie Relish, dat 'tjûn waard yn 1995. It album waard in hit troch de single One Of Us (fan Eric Bazilian, gitarist fan folkrock-formaasje The Hooters út Philadelphia). Dat liet hie mear fan popmuzyk as it oarepart fan it album dat fral bluesmuzyk befette. Nei it súkses fan One Of Us hie Osborne noch wat lytsere hits, lykas Right Hand Man en St.Teresa. It tredde studio-album, Righteous Love, waard 2000 útbrocht, mar ferdwûn rillegau út de hitlisten.

Yn de film Standing in the Shadows of Motown út 2002 song Joan de âlde Motown-hit What becomes of the brokenhearted en oanslutend toerde hja mei The Funk Brothers. Yn 2002 brocht se ek it album How Sweet It Is út, in samling klassike rock en soulcovers.

Yn 2005 en 2006 trede Osborne geregeldwei op mei Phil Lesh and Friends en novimber 2006 kaam har album Pretty Little Strangers út.

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]