Joadske nammen
Joadske nammen wurde in soad ferfryske of feroare yn Fryske nammen as yn 1811 in nije efternamme keazen wurde moat. Sa ûntsteane nammen as Benima, Benninga, Daitsma, Drensma, Drilsma, Drielsma, Feitsma, Friesema, Gudema, Haasema, Hoornstra, Leefsma, Oostra, Ruda, Turksma, Woudstra, Van Workum en Van Staveren. Faak komt al yn de 18e iuw de namme De Vries foar, wylst de namme De Jong ek faak op in Fryske eftergrûn wiist.
De foarnammen fan jonges bleaunen oant fier yn de 19e iuw meast bibelsk, mar Beike foar Benjamin, Peke foar Perets en ek Menno kamen allinnich by Fryske joaden foar.
De foarleafde foar Fryske famkesnammen wie blykber folle grutter en yn 1811 al waarden nammen brûkt as Brandina, Doetje, Fokje, Froukje, Jeltje, Marijke, Martje, Sybrigje binne seker net fan Joadske komôf.
De namme Leefsma komt by neisieten fan leviten foar. Feitsma (earder Veisma) komt net fan it Fryske Feitse mar fan it Jiddyske Feis. Mar Drielsma (yn de 18e iuw Drielst) komt nei alle gedachten fan Drylts wylst Turksma yn de 18e iuw as Turk foar komt. Ek yn taal en klean wie it stribjen nei yntegraasje by de Fryske joaden opfallend sterk.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|