Springe nei ynhâld

Joadske jiertelling

Ut Wikipedy

De joadske jiertelling rekkent fan it jier ôf wêrfan it joadendom oannimt dat de skepping fan de wrâld bard wêze moat.

Op grûn fan de Tenach wurdt der fan útgien dat de skepping yn it jier 3761 foar de gongbere jiertelling.

It joadske jier 5768 komt sadwaande oerien mei it algemiene of Gregoriaanske jier (sep./okt., tishrei) 2007 - 2008.

Yn it joadendom hantearret men de moannekalinder. In moannemoanne duorret 29,5 dagen wêrby't de iene moanne 29 en de oare moanne wer 30 dagen duorret. Omdat der 12 joadske moannen binne komt men hjirtroch út op 354 dagen oftewol men rint 11 dagen efter op de sinnekalinder.

Dat wurdt oplost troch yn in hieltyd weromkommende perioade fan 19 jier sân kear in skrikkelmoanne ta te foegjen en wol yn it 3e, 6e, 8e, 11e, 14e, 17e en 19e jier. Dizze skrikkelmoanne hat yn de regel 30 dagen (op ien nei dy't 29 dagen telt) sadat nei 19 jier alles wer lykop rint mei de sinnekalinder. De namme fan de skrikkelmoanne is twadde adar of koartwei adar 2.

It nije jier begjint op Rosj Hasjana, in wichtige twadaachske perioade fan gebed en ynkear, dy't yn septimber of oktober fan de Gregoriaanske kalinder falt.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]