Joadsk Begraafplak (Warkum)
Appearance
It Joadsk begraafplak fan Warkum (gemeente Nijefurd) is de âldste fan Fryslân. De grûn waard yn 1664 troch in David Salomons oankocht om himsels en syn famylje dêr beïerdigje te kinnen. Op it hôf binne seis grêfstiennen út de lette 17e- en iere 18e iuw (1676, 1690, 1697, 1706 en 1714) bewarre bleaun. Sy hearre ta de âldste Joadske grêfstiennen fan Nederlân. Foar safier't nei te gean is, giet it yndie om de grêven fan David Salomons en syn sibben. In de jierren '30 fan de foarige iuw waard it hôf bemuorre. Sûnt 1999 is it in ryksmonumint.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|